Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ078704

Een sage (mondeling), maandag 13 oktober 1969

Hoofdtekst

It wie op in joun yn 'e hjerst. Doe kommen myn beide bruorren by my om to freegjen of ik ek mei woe to murdzjen. Ik nom myn houn mei. Wy gongen op it Wyldpaed by Tsjibbe oan, dat wie in maet fan ús. Dy gong ek mei. Wy sieten dêr even.
't Hie hwat rûchferzen, der roan noch hwat fé yn 't lân.
Doe't wy by Tsjibbe syn hûs weigongen, bigong myn houn fuort to sykjen. Hy gong by ús wei.
In skoft letter hearden wy him blaffen. Ik sei: "Nou hat er de murd toplak." Ik roan yn in droege sleat lâns, flak njonken in dyk. Doe seach ik ynienen de murd foar my lizzen. Yn 'e droege sleat. Ik kin der in eed op dwaen, dat ik him dêr lizzen seach. Ik ha de egen net fan him ôf hawn. Ik rôp: "Ik ha him al!" Hy lei foar myn fuotten. Ik sil him opkrije, en ik taest yn it gjers. Der is net in murd to sjen.
Hy wie der net en ik hie de egen net fan him ôf hawn.
Hoe kin dat nou?

Onderwerp

SINSAG 0750 - Andere Zauberei.    SINSAG 0750 - Andere Zauberei.   

Beschrijving

Op een herfstavond gaan drie broers op bunzingjacht, samen met een hond. Bij het huis van Tsjibbe gaat de hond ervandoor en blaft. Ze gaan hem achterna en vinden in een droge sloot een dode bunzing, maar als hij zijn broers roept is het dier verdwenen.



Bron

Collectie Jaarsma, verslag 787, verhaal 4

Commentaar

13 oktober 1969
Andere Zauberei

Naam Overig in Tekst

Tsjibbe    Tsjibbe   

Wildpad    Wildpad   

Naam Locatie in Tekst

Wylpaed    Wylpaed   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21