Hoofdtekst
Der wie ris in man, dy lei op syn stjerbêd. Hy wie earnstich siik. It wie in frijmetseler.
Der kom in stem ta him, dy sei: "Astû dy net bikearste, dan bistû forloaren."
Doe't de need op it heechst wie, stjûrde er syn frou nei dy organisaesje fan 'e frijmetselaren ta. Hy moest dêr by wei.
It minske kloppe dêr oan by dat gebou en sy die har boadskip. Sy moesten har man ûntheffe fan syn lidmaetskip.
Doe joegen se dat minske in stopnuddel. Doe lieten se har in foto sjen, dêr stie in hart op. Dat wie it hart fan har man. Dêr moest hja mei de stopnuddel yn stekke.
Dan wie har man gjin lid mear. Hja die dat. Mar doe't se thús kom, wie har man dea.

Onderwerp
TM 2900 - Vrijmetselaars   
Beschrijving
Een vrijmetselaar is stervende en ligt op bed en een stem zegt hem zich te bekeren anders is het te laat. Hij stuurt zijn vrouw naar het vrijmetselaarsgebouw om hem te laten ontheffen. Ze geven haar een stopnaald en een foto met het haar van haa man waarin ze de naald moet steken. Ze doet dat maar bij thuiskomst is hij al dood.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 787, verhaal 6
Commentaar
13 oktober 1969
Vrijmetselaars
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21