Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ079101

Een sage (mondeling), dinsdag 21 oktober 1969

Hoofdtekst

Heit en Mike Ruerd kommen ris togearre fan it Jachtfjild út 'e kroech. Ruerd hie 't wer raer dien en noch raerder hied er 't opsein. Togearre roannen se op hûs oan. Doe't se in eintsje op stap wienen, de bakker Rienk de Boer krekt foarby, doe woarde Ruerd ynienen by heit weinom en dwars troch de beamwâl hinne smiten.
Hy klaude wer út 'e wâl en heit bleau by him.
Togearre roannen se nei hûs ta. Ruerd wenne èk yn 'e Bosk, krekt even fierder as heit en dy. (Hy wenne njonken âlde Sjoerde Rienkje)
Doe't heit in skoftsje thús west hie, tocht er: "Ik wol ris even by Ruerd sjen, as dy al op bêd leit." Heit giet dêr hinne. Ruerd sit by de tafel.
Heit seit: "Is 't net better datst op bêd giest, jong?"
"Né," seit Ruerd, "ik gean net op bêd, hwant der leit in grouwe, swarte houn op bêd, mei in pear greate gleone egen yn 'e kop as fjurpotten."
Doe gong heit dêr hinne to sjen, mar hy koe neat gewaer wurde.
Ruerd hat dy hele nacht net op bêd west.

Onderwerp

SINSAG 0945 - Andere Begegnungen mit dem Teufel.    SINSAG 0945 - Andere Begegnungen mit dem Teufel.   

Beschrijving

Vader en Mike Ruerd komen uit de kroeg in Jachtveld als Ruerd vlak na de bakker opgetild wordt en over de boomwal wordt gesmeten. Die avond heeft Ruerd gespot. Hij krabbelt overeind en samen lopen ze naar huis. Mike durft echter niet naar bed omdat er een grote zwarte hond met gloeiende ogen op ligt, die alleen hij kan zien en daarom zit hij aan tafel


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 791, verhaal 1

Commentaar

21 oktober 1969
Andere Begegnungen mit dem Teufel.

Naam Overig in Tekst

Mike Ruerd    Mike Ruerd   

Rienk de Boer    Rienk de Boer   

Sjoerde Rienkje    Sjoerde Rienkje   

Bosk    Bosk   

Naam Locatie in Tekst

Jachtfjild    Jachtfjild   

Jachtveld    Jachtveld   

Bos    Bos   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21