Hoofdtekst
Wiger wie der op út. Der kom in man yn 't holst fan 'e nacht. Dy sei: "Ik trilje oer de hiele lea. Piters Willemke fleach fan 'e reinwettersbak nei 't ûleboerd fan Jan Ritskes. Ik seach hoe't se de wjukken útsloech."
By Piter Loos (Willemke har man) wie de boel altyd bitsjoend.
Alles woarde dêr nei ûnderen smiten. It spul fan boven kom allegear yn 'e wurkplaets tolânne.
Har lytse Harm wie èk bitsjoend. Dêr ha se noch foar nei Wopke Minke fan Kûkherne west. (de widdou fan Wopke)
Onderwerp
TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek   
Beschrijving
Bron
Commentaar
Naam Overig in Tekst
Wopke   
Wiger Syts   
Piters Willemke   
Jan Ritskes   
Piter Loos   
Willemke   
Harm   
Wopke Minke   
Wopke   
Naam Locatie in Tekst
Kûkherne   
