Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ079215

Een sage (mondeling), maandag 20 oktober 1969

Hoofdtekst

Myn beppe wie Hindrik Eatses Gjertsje. Sterker frommeske hat der noait west.
Hja wie noch faem en hie forkearing mei myn pake.
Op in snein-to-joun wienen se togearre oan 't kuijerjen by de Swâdde lâns. Sy wienen op in âld reedtsje.
Doe kommen dêr twa jonge bazen oan: Tsjipke Postma en Jan Kommerij. Dy beide knapen dy hienen ek wol smucht op beppe, mar dy feint moest in wân op 'e hûd ha.
Pake woarde binaud; hy wie mar sa'n bihyndich mantsje.
Mar doe sei beppe tsjin him: "Hoechst net bang to wêzen. As it sa fier komt, weef ik wol mei dy twa ôf."
Doe kommen se op it stille eintsje fan 't paed. Dêr soenen de beiden pake to liif.
Beppe giet hinne en pakt de lytste, Tsjipke, by kop en kont en smyt him oer de Swâdde hinne. (dy wie dêr twa meter breed) Doe pakte se Jan. Dat wie in greate keardel. Dy smiet se yn 'e Swâdde. En sy sei: "Jim sille nou wol genôch ha, tink. En as jim nochris in kear komme en ús lestich falle, dan matte jimme der mar op rekkenje, dat der net folle fan jim oerbliuwt."
Sy ha noait wer lêst fan oare feinten hawn.

Onderwerp

TM 2801 - Sterke man (vrouw)    TM 2801 - Sterke man (vrouw)   

Beschrijving

Hindrik Eatses Gjertsje is een sterke vrouw en wandelt een keer samen met haar vrijer lang Swâdde als Tsjipke Postma en Jan Kommerij langskomen die haar ook wel willen en willen haar vrijer een pak slaag geven. Hij wordt bang maar zij stelt hem gerust; zij zal ze wel te pakken nemen. Eerst pakt ze Tsjipke bij het hoofd en gooit hem over de Swâdde heen en Jan smijt ze erin en geeft ze ten slotte en waarschuwing dit in het vervolg maar te laten. Ze hebben nooit meer last gehad.






Bron

Collectie Jaarsma, verslag 792, verhaal 15

Commentaar

20 oktober 1969
Sterke man (vrouw)

Naam Overig in Tekst

Gjertsje Eatse    Gjertsje Eatse   

Hindrik Eatses Gjertsje    Hindrik Eatses Gjertsje   

Swâdde    Swâdde   

Tsjipke Postma    Tsjipke Postma   

Jan Kommerij    Jan Kommerij   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21