Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ079216

Een sage (mondeling), maandag 20 oktober 1969

Hoofdtekst

Froeger wie hjir in âld reed, dêr stienen in pear cafékes oan. Ien fan dy cafékes wie fan Frâns ten Bergen en C. Hester.
Dy kroechjes, dêr hâldden se yndertiid spyljen en dânsjen yn.
Myn omke, dat wie Teade-spylman, dat wie in soan fan beppe Gjetsje, dy't sa sterk wie. Dy spile dêr faek. Hy hie trije susters: Minke (dat wie myn mem), Siuwke en Teatske. Dat wienen de dânseressen. En sjonge dat se koenen! As Teade-om mei dy trije froulju yn 't café wie, mienden se dat de kroech fol wie, sa'n leven en fortier wie der dan fan dy fjouwer minsken. Hwat koenen dy plezier meitsje. Mar 't wie doe in rûge tiid.
Dan kommen de biruchte lju delsetten, lyk as messestekkers ensa. Dy smieten altyd roet yn 't iten. Dan gong 't op in fechtsjen. As it safier wie, gong der ien út 'e kroech wei, en dy gong even nei beppe ta. Dy sei tsjin beppe: "Wolle jo even komme? 't Giet wer raer. Alles rekket stikken."
Dan sei beppe: "Ja." En dan gong se der hinne. Dan sette se de doar iepen en dan pakte se de earste de bêste. Dy smiet se der út. Hy kom midden op 'e wei tolânne. Dan die se in pear stappen, dan kreake de flier der oer, hwant hja stapte as in reus. En dan krige se in stoel en dy loek se mei de hannen yn twaën (sy sloech him net stikken).
Yn in tiid fan fiif minuten hie se de hiele kroech leech, op fiif nei dan; dat wienen har eigen bern en de kastlein.
Mem stie har sokke tiden wol by.
Se wienen deabinaud foar har.


Onderwerp

TM 2801 - Sterke man (vrouw)    TM 2801 - Sterke man (vrouw)   

Beschrijving

Aan een weg staan een paar kroegen waaronder die van Frans ten Bergen en C. Hester, waar gespeeld en gedanst wordt. De Teade-speelman is muzikant en zoon van sterke Gjetsje. Samen met zijn drie zusters die dansen brengt hij vertier. Maar er komen ook beruchte lui die alleen maar willen vechten en stampei maken en de hulp vna Gjetsje wordt al snel ingeroepen, die de herriemakers in mum van tijd uit de kroeg gooit. Alleen haar familie en de kastelein blijven over.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 792, verhaal 16

Commentaar

20 oktober 1969
Sterke man (vrouw)

Naam Overig in Tekst

Gjertsje Eatse    Gjertsje Eatse   

Frans ten Bergen    Frans ten Bergen   

Frâns ten Bergen    Frâns ten Bergen   

C. Hester    C. Hester   

Teade-speelman    Teade-speelman   

Teade-om    Teade-om   

Minke    Minke   

Siuwke    Siuwke   

Teatske    Teatske   

Gjetsje    Gjetsje   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21