Hoofdtekst
Egbert Golo wie mar in lyts mantsje. Mar 't wienen allegearre spieren. Hy wie oersterk. Hy hie buorkerije.
Op in kear doe wienen der trije jonge bazen, dy seagen Egbert Golo oankommen mei hynder en wein. Sy seinen tsjin elkoar: "Nou kinne wy in moaije grap ha, dan wite wy ek, hoe sterk hy is."
Doe lei dêr in dikke, grouwe beam, dy wie ôfkapt.
De trije jonge bazen tilden dy beam alle trije op in ein op en sa kom dy beam - stapke foar stapke - yn 'e daem to lizzen, dêr't Egbert Golo lâns moest. Doe koe der net ien mear lâns mei hynder en wein.
De jonges kroepen achter de beamkes, om to sjen hoe't dit mei Egbert ôfrinne soe. Dy jonges hied er net sjoen. Hy wie oan 'e beam ta. Doe't er seach dat dy him yn 'e wei lei, rôp er: "Ho!"
't Ald hynder bleau stean, Egbert krige de beam earst op 'e iene ein beet en smiet him sa in ein fuort, doe krige er de oare ein beet en dy smiet er èk in ein fuort.
Doe lei dy beam flak foar de sleat. Doe smiet er dy beam yn 'e sleat. En doe sei er: "Nou mat it al in knappe keardel wêze, dy't dy beam dêr wer út krijt!"

Onderwerp
TM 2801 - Sterke man (vrouw)   
Beschrijving
Egbert Golo is een klein maar sterk mannetjes. Drie jongens zien hem aankomen met paard en wagen en willen weten hoe sterk hij is. Ze leggen met zijn drieën een grote boom op weg. Niemand kan er meer door. Egbert gooit de boom met twee worpen vlak voor de sloot en vervolgens erin. Hij zegt dat het moeilijk wordt de boom er weer uit te krijgen.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 793, verhaal 1
Commentaar
27 oktober 1969
Sterke man (vrouw)
Naam Overig in Tekst
Egbert Golo   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21