Hoofdtekst
Dyselde beppe Gjetsje wie mei in keppel oaren op it lân to jirpelsykjen. De jirpels dienen se allegear yn sekken en dy woarden dan forfierd op boereweinen. Op dy boereweinen hienen se sydsketten.
Doe kom der rúzje ûnder de jirpelsikers, en dêr woarde beppe op 't lêst ek yn bitrutsen. Doe rôp beppe al dy minsken ta de oarder. Sy sei: "Allegear oan 't wurk. Ik wol gjin wurd mear hearre!" En doe krige se in sekfol jirpels en dy smiet se oer de wein hinne, dat de sek barstte en de jirpels allegear oan 'e kant fan 'e wein op 'e groun tolânne kommen. En doe sei se: "Sa sil ik jim allegear oer de wein hinne smite, as der noch ien in bek iependocht."
Doe wie 't stil en hearden se neat mear.
(Beppe wenne yn 'e Westerein)

Onderwerp
TM 2801 - Sterke man (vrouw)   
Beschrijving
Gjetsje is met anderen op het land aardappels aan het zoeken, die ze in zakken doen en op boerenwagens met zijschotten vervoerd worden. Dan krijgen de zoekers ruzie en Gjetsje wordt erbij betrokken. Ze roept de mensen tot orde en gooit een zak met aardappels over de kar heen en zegt dat degene die nu nog zijn mond opendoet het zelfde lot ondergaat. Iedereen zwijgt daarna.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 792, verhaal 17
Commentaar
20 oktober 1969
Sterke man (vrouw)
Naam Overig in Tekst
Gjertsje Eatse   
Naam Locatie in Tekst
Westerein   
Zwaagwesteinde   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21