Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ079405

Een sage (mondeling), donderdag 13 november 1969

Hoofdtekst

Ik ha faek by wiersizters west. Ik haw ris by ien west, dy wenne yn Kollumersweach. Jan, myn broer wie by my.
Ik hie forkearing mei Tsjits, dy wenne yn Peebosk.
Tsjits is myn wiif woarn. Jan hie tafallich ek in faem yn Peebosk, mar dêr is er net mei troud.
Doe't wy by 't minske sieten, kom ik it earst oan 'e beurt.
"Hwat ha jo in raer paed opsocht nei de faem", sei se.
"Hoedat sa?" frege ik.
"Nou," sei se, "jo matte oer ien, twa brêgen."
Dat wie ek sa.
"Rûm paed," sei se, "rjochtút - rjochtút." En sy skodde mar yn 'e kaerten om.
"De frou dy't jo krije, is blond", sei se.
It kloppe, myn wiif hat hiel ljocht hier, sjoch sels mar.
"En as jo yn 't doarp komme, matte jo in reed yn", sei se.
Dat wie ek sa.
Doe kom Jan oan 'e beurt.
"Myn leave man," sei se, "jo matte 't selde paed lâns, sjoch ik yn 'e kaert."
Dat wyt ik der noch fan.

Beschrijving

Ik bezoek met mijn broer een waarzegster in Kollumerzwaag. Ze vertelt al kaarten schuddend precies welke weg ik naar mijn vriendin in Peebos neem. Ook zegt ze dat het meisje blond is. Alles klopt als een bus. Daarna komt Jan aan de beurt.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 794, verhaal 5

Commentaar

13 november 1969

Naam Overig in Tekst

Jan    Jan   

Naam Locatie in Tekst

Kollumerzwaag    Kollumerzwaag   

Kollumersweach    Kollumersweach   

Peebosk    Peebosk   

Peebos    Peebos   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21