Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ079406

Een sage (mondeling), donderdag 13 november 1969

Hoofdtekst

Us heit hat soldaet west. 't Gebeurde op in kear, doe wie 't kermis yn Amsterdam. Dêr koenen se yn in swarte spegel sjen. Der wienen net folle, dy't dêr hinne gongen, de measten wienen der hwat skruten foar.
"Ik doar wòl", sei heit. Hy stapte der yn.
De frou sei tsjin him: "Jo matte aenst gjin angst foar de spegel ha. Hwant as der in deakiste foar komt wol dat sizze dat jo net trouwe sille. Sjogge jo de byltnis fan in frommes yn 'e spegel, dan wurdt dat jou frou."
Us heit seach yn 'e spegel. Der kom in faem foar, mar hy koe har net. 't Wie in fremd fanke, in swart, donker fanke. Heit wie in jonge baes en hy bigoun to laitsjen.
Us mem lake ús heit oan yn 'e spegel. Doe knikte heit har ta.
Mar dat mocht net. De frou sei: "Nou matte jo werom gean, soldaet, mar jo matte der achterstofoaren út."
Dat hat heit doe dien.
Doe trof er ús mem ris in kear op Ljouwerter merke.
Mem wenne to Ljouwert oan 't Saeilân.
't Wie deselde dy't er yn 'e swarte spegel sjoen hie, hy seach it daedlik. Fuort de earste kear koe er har der út.
Hy sei: "Dat is se."

Onderwerp

SINSAG 0688 - Der Zauberspiegel    SINSAG 0688 - Der Zauberspiegel   

Beschrijving

Op een kermis in Amsterdam kan men in de zwarte spiegel zijn of men later gaat trouwen of niet. Als er een doodskist verschijnt, blijf je ongetrouwd en een beeld van een vrouw wordt je toekomstige partner. Vader ziet in de spiegel in voor hem onbekende vrouw. Later treft hij haar aan op de markt in Leeuwarden en wordt inderdaad zijn vrouw.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 794, verhaal 6

Commentaar

13 november 1969
Der Zauberspiegel.

Naam Overig in Tekst

Saeilân    Saeilân   

Naam Locatie in Tekst

Amsterdam    Amsterdam   

Noord-Holland    Noord-Holland   

Saeiland    Saeiland   

Ljouwert    Ljouwert   

Leeuwarden    Leeuwarden   

Friesland    Friesland   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21