Hoofdtekst
Beppe hat by in boer yn Grinslân tsjinne. Dêr wienen in greatfeint en in lytsfeint. Dy lytsfeint doarst der wol to wêzen, dy wie de brutale kant neist en stie suver foar neat.
Op in kear woe de greatfeint him bang meitsje. De greatfeint brocht it hynder nei 't lân ta, doe wie 't al skimerich. Werom moest er oer in barte, dy't oer in brede sleat hinne lei. De jageline hied er by him en ek in wyt lekken. Hy wist dat de lytsfeint dêr lâns komme moest nei de buorren ta. Hy gong midden op 'e planke stean en sloech it lekken om.
't Wie al tsjuster woarn. Hy hong de jageline oer in stekje.
De lytsfeint kom der oan. Dy sei: "Ut 'e wei."
Mar de greatfeint sei neat en bleau stean dêr't er stie.
"Ut 'e wei!" sei de lytsfeint. "Wost dêr net weigean? Dan slach ik dy fuort de harsens yn. Ik freegje dy trije kear."
Doe't it spoek der net wei gong, pakte de lytsfeint de jageline en sloech de greatfeint sa bot dat dy tûmele yn 'e sleat en forsûpte.
Doe't de lytsfeint letter op 'e joun thúskom, stie it der net bêst foar. Doe woarde er gewaer, dat er de greatfeint deamakke hie.

Onderwerp
VDK 1676F* - Spookspelen: Het spook op de vonder   
ATU 1676 - The Pretended Ghost   
Beschrijving
De oudste knecht wilde de overmoedige, jongste knecht eens laten schrikken. Hij wachtte hem bij een bruggetje op, vermomd in een wit laken. De jongste knecht vroeg het 'spook' opzij te gaan, maar die bleef staan. Toen heeft de jongste knecht de ander dood geslagen.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 802, verhaal 4
Commentaar
1968
Spookspelen: Het spook op de vonder
Naam Locatie in Tekst
Grinslân   
Groningen   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21