Hoofdtekst
Ik wie fjirtsjin jier. Us heit lei yn 't sikenhûs yn Grins. Dêr is er doe letter stoarn. Wy hienen dy deis praters hawn: in âldere suster fan myn lettere frou mei de man. Sy moesten gâns in ein rinne en woenen graech dat wy har in eintsje fuortbrochten oan Blauhûs ta. 't Wie min waer, 't waeide en reinde. Dat lêste eintsje fan 'e Boelensloane oan 't Blauhûs ta, dêr spûke it altyd.
Doe't wy dêr omtrint oan ta wienen, seagen wy dêr in hiele greate keardel stean, in reus, wol twa kear sa great as in gewoan minske. Dy stie dêr oan 'e kant fan 'e wei mei in kleed om, dat wiid om him hinne wappere. 't Wie in hiel grouwe greate keardel.
Hy sei neat en stie stiif as in peal. 't Wie in spoek, dat koe net misse. Wy seinen letter: "As der hwat bistiet, dan hat dat dêr hwat west."

Onderwerp
SINSAG 0475 - Spuk in Gestalt einer lebendigen Person.
  
Beschrijving
Een paar mensen moesten op een avond langs een plek waarvan bekend was dat het er spookte. Ze zagen daar langs de kant een reus, die wel twee keer zo groot was als een normaal mens. Een groot kleed wapperde om hem heen, verder stond hij helemaal stil. Het was een spook.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 810, verhaal 8
Commentaar
1 februari 1970
Spuk in Gestalt einer lebendigen Person.
Naam Overig in Tekst
Blauhûs   
Naam Locatie in Tekst
Grins   
Groningen   
Boelensloane   
Boelenslaan   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21