Hoofdtekst
Moarns sawn ûre kom ik dêr op it lân. Dan bigoun de âld man fuort to fortellen oer foartsjirmerij, spûkerij en alsamear.
Op in kear fortelde âlde Jurjen bultsje my: "Ik wenne as boerefeint op 'e Nyegeaster hegewei. Der wie in lapskroar, dy biwosk my. Dêr kom ik dan jouns tsien ûre wei as ik har de smoarge wask brocht hie. Mar op 'e hoeke fan 'e Aldegeaster wei en de Kilometerwei hearde ik dan altyd stienbikjen en der woarde mei balken omsmiten ensa. Ik gong dêr dan hinne, op it lûd ta, mar dan wie der neat. Op 't lêst doarst ik der hast net mear lâns omdat der noait hwat wie en ik it dochs altyd klear hearde.
Mar doe is dêr letter in greate pleats delset woarn. Dy hearde oan 'e herfoarme tsjerke fan Nyegea."
Ik roan fan 'e Hegewei nei Aldegea. Dan moest ik dêr lâns."
Onderwerp
SINSAG 0487 - Vorbedeutung anderer Ereignisse.   
Beschrijving
Bron
Commentaar
Naam Overig in Tekst
Jurjen Bultsje   
Jurjen de Vries   
Knjillis   
Naam Locatie in Tekst
Hegewei   
Aldegeasterdyk   
Nyegeaster hegewei   
Aldegeasterwei   
Kilometerwei   
Aldegea   
