Hoofdtekst
By de Skeanpaden by de Foudenswei, op 'e Houtigehage stienen ris in stik of fjouwer mannen, dy moesten fiif allerôfgryslikst dikke beammen lade op in mallejan. Hja wienen der drok mei oan 'e gong, mar hja koenen 't mei gjin mooglikheit oprêdde.
Doe kaem Sterke Hearke der oan mei de wein en in âld hynder der foar, dy soe nei Drachtster Kompenije ta. Hearke seach hoe't dy mannen skripten, mar it net rêdde koenen.
Doe fregen dy mannen Hearke, of dy har helpe woe.
"Jawol", sei Hearke.
Der wienen fiif fan dy dikke beammen, ûnwittende swier. Doe sei Hearke: "Nim jimme de lichte ein mar, dan nim ik de dikke ein." Doe hienen se de fiif beammen al gau op 'e wein. Doe't dat kerwei bisljuchte wie, wienen dy mannen sa forbouwerearre, dat hja prakkesearren der net oer Hearke to bitankjen of him hwat to presentearen.
Doe sei Hearke: "As 't jim net iens in bitankje wurdich is, of in pypfol tabak, dan matte jimme der noch mar ris wèr oer tille."
En doe gong er op 'e mallejan ta, hy krige in beam yn 'e midden beet en lei dy moai op 'e groun. Sa die er ek mei de oare fjouwer. Doe wienen dy mannen wer krekt like fier as earst.
Doe sei Hearke: "Goeijen dag, mannen." En hy ried fierder nei de Kompenije.

Onderwerp
TM 2801 - Sterke man (vrouw)   
Beschrijving
Een viertal mannen probeert tevergeefs zware bomen op een wagen te laden. Sterke Hearke - die toevallig passeert - schiet de mannen te hulp en laadt de bomen moeiteloos op de wagen. De mannen laten het na Hearke te bedanken of iets aan te bieden. Hearke haalt hierop boos de bomen weer van de wagen.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1106, verhaal 3 (archief MI)
Commentaar
15 april 1974
Sterke man (vrouw)
Naam Overig in Tekst
Sterke Hearke   
Hearke   
Kompenije   
Naam Locatie in Tekst
Skeanpaden   
Foudenswei   
Houtigehage   
Drachtster Kompenije   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21