Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ110604

Een sage (mondeling), maandag 15 april 1974

Hoofdtekst

Hearke hat ek ris in weddenskip hâlden om twa sigaren. Dêr wie myn heit syn heit by.
't Wie op in snein en hja wienen oan 't piksjitten.
Dat dienen se alle sneinen by Sterke Hearke op it hiem. Dêr lei in hiele dikke bolstien op it hiem, dêr siet in izeren ring oan fêst.
Doe seinen se: "Dy stien kin net ien tille." De iene nei de oare bisocht it, mar net ien dy't him in ein fan 'e groun krige.
Doe wie Hearke oan 'e beurt. Dy tilde him in lyts eintsje op. Doe sei ien fan 'e mannen tsjin Hearke:
"Kinst him wol in eintsje fuortsmite?"
"Om twa sigaren sil 'k it bisykje", sei Hearke.
Dat gong oan.
Der stienen twa stookhutsjes by Hearke op 't hiem.
Hearke hie de stien krige - pake wie der by - en doe hie er sein: "Tink der om jonges!" En doe hie er dy stien oer de beide stookhutsjes hinne smiten.
Doe hied er de stien wer opkrigen en him fan dat plak ôf wer oer de beide stookhutsjes hinne smiten.
Doe kom er noch in eintsje fierder tolânne as dêr't er earder lein hie.

Onderwerp

TM 2801 - Sterke man (vrouw)    TM 2801 - Sterke man (vrouw)   

Beschrijving

Sterke Hearke slaagt erin een zware bolsteen met een ijzeren ring eraan op te tillen en wint daarmee de weddenschap die met betrekking tot het optillen van die steen gesloten is. Hearke krijgt het zelfs voor elkaar de steen een eindje weg te werpen.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1106, verhaal 4 (archief MI)

Commentaar

15 april 1974
Sterke man (vrouw)

Naam Overig in Tekst

Hearke    Hearke   

Sterke Hearke    Sterke Hearke   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21