Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ110609

Een sage (mondeling), maandag 15 april 1974

Hoofdtekst

Auwert-omme wie nei in houtforkeaping en lânforhiering op Nijtap. Froeger roannen se altyd en dat die Auwert-omme ek (fan Rottefalle). Hy woe in perseel hout ha. Doe't de houtforkeaping ôfroun wie, roan er allinne fan Nijtap de achterwei del. Dat wie doe noch in sânreed. Nou seit men der tsjin Leidyksloane.
Doe't er in pear hondert meter roun hie, seach er hwat. Hy sjocht en sjocht. 't Is flak by 't tsjerkhôf en by 't reedtsje, dat dêr hinne giet. Dêr op 't tsjerkhôf spûke it altyd. Hy sjocht oerside. En dan wurdt er in jongfaem gewaer, yn nachtklean. It minske hie lang, swart hier, dat hong har los by de rêch del.
Auwert-omme bliuwt stean. Hy tinkt: "Sil ik nei har ta gean?" Mar doe sei er by himsels: "Né, ik rin troch, allinne bin ik noait." Hy wie in from man.
It fanke kaem achter de plaets fan Bôkke v.d. Burg wei. "Ik fortroude op de Hear", fortelde hy letter. "Hja kaem stees tichterby. Hja wie oan 'e greate reed ta, sa'n fyftsjin à twintich meter fan my ôf. Ik bleau stil stean. Ynienen docht se de earms omheech en fuort dêrnei omleech. En dêr sonk se wei yn 'e groun."
Jansma, in âld boer, dy't dêr wenne, hat ús krekt itselde forhael ris forteld.
Neffens de oerlevering mat dêr ris op in kear achter by 't tsjerkhôf in troud man in fanke fan ien en twintich formoarde ha, omdat dat fanke fan him bifalle moest.
Sûnt hie se gjin rêst mear.
Hja kaem doe by de hage fan 't tsjerkhôf wei.

Onderwerp

SINSAG 0450 - Andere Tote spuken.    SINSAG 0450 - Andere Tote spuken.   

Beschrijving

Een man ziet op een spookplaats bij het kerkhof een jong zwartharig meisje - gehuld in nachtkledij - ronddolen. De vrome man durft alleen verder te lopen omdat hij vertrouwt op de Heer. Als het meisje hem vrij dicht genaderd is, doet ze plots haar armen omhoog en omlaag. Daarna zakt ze weg in de grond. Een boer uit de buurt vertelt precies hetzelfde verhaal. Achter het kerkhof zou een getrouwde man zijn eenentwintigjarige minnares vermoord hebben omdat zij een kind van hem verwachtte. Het vermoorde meisje kan geen rust vinden.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1106, verhaal 9 (archief MI)

Commentaar

15 april 1974
Andere Tote spuken (34. Ermordete)

Naam Overig in Tekst

Auwert-omme    Auwert-omme   

Nijtap    Nijtap   

Bôkke v.d. Burg    Bôkke v.d. Burg   

Hear    Hear   

Heer    Heer   

Jansma    Jansma   

Naam Locatie in Tekst

Rottefalle    Rottefalle   

Leidyksloane    Leidyksloane   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21