Hoofdtekst
Yn 'e lêste oarloch wenne ik noch op it Kattegat, op 't Wytfean, flak by de Leijen. Dêr wienen doe ûnderdûkers, dêr't ik faek mei praette. Twa rijnaken leinen der, en de lju, dy't dêr yn wennen krigen altyd molke fan my. De skipper fan ien fan dy beide rijnaken kaem ris by my op in joun, doe sei er tsjin my: "Sil ik jo ris hwat bûtengewoans fortelle?
't Betreft ús eigen húshâlding. Myn frou is mei de helm geboaren - It is seis jier lyn nou. Wy hienen doe in jonkje, dat hiet fan Harry. 't Wie oardel jier âld. Op in snein-to-moarn sieten wy to kofjedrinken en doe sei se tsjin my: 'Sil ik dy ris hwat sizze? Us lytse Harry giet dea'.
Ik wist, dat hja mei de helm geboaren wie en ik woarde o sa kjel."
Doe hie dy man sein: "Hoe wytstû dat?"
"Ik ha 't fannacht allegear sjoen", sei se. "Dû mast der dy mar op klear meitsje. 't Kistje stie dêr. En ik ha sjoen dat ús lytse jonge dêr yn lei." En doe wiisde se it plak oan dêr't se it sjoen hie.
Krekt fiif wiken letter krige 't jonkje longontsteking en binnen twa dagen wie 't dea.
Doe tocht ik: as se no aenst 't jonkje biklaeije, dan siz ik net hwer't se 't kistje delsette matte.
Doe't se 't bern biklaeid hienen, krigen se 't kistje en setten 't del.
Doe't se fuort wienen, sei myn frou: "Se ha 't kistje wòl op 't selde plak delset, dêr't ik it sjoen ha."

Onderwerp
SINSAG 0483 - Der Sarg gesehen   
Beschrijving
Een vrouw - een helmdraagster - voorziet dat haar zoontje zal sterven en voorspelt precies waar het kistje zal staan. Het voorgezicht komt uit: kort daarop sterft het jongetje aan longontsteking. Ook de kist wordt op de plaats neergezet waar de vrouw hem eerder zag.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1106, verhaal 10 (archief MI)
Commentaar
15 april 1974
Der Sarg gesehen & SINSAG 0489 Das zweite Gesicht & TM 2901: Helmdragers
Naam Overig in Tekst
Kattegat   
Leijen   
Harry   
Naam Locatie in Tekst
Wytfean   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21