Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ110902

Een sage (mondeling), donderdag 25 april 1974

Hoofdtekst

Klaes Talma hiet ús heit. Hy wenne oan 't Wyldpaed, tichte by 't spoar. Hy wie noch in jonkje.
Op in kear gong er nei in âlde frou ta om molke. Der wie in jonkje by him, dat wie syn kammeraet.
It âld minske joech heit in apel, mar se sei der by, dy apel mocht er net mei it oare jonkje diele, dy moest er allinne opite.
Doe woarde heit siik. Earst gong hy noch wol wer nei it âld minske ta om molke, mar as er oan 't reedtsje ta wie, dêr't dat âld minske oan wenne, dan wie 't krekt as krigen se him, sa'n gefoel hied er.
Doe is pake nei Wopke ta gong, dy wenne yn Kûkherne. Wopke joech him in drankje mei, dêr moest er tige op passe, sei Wopke. Hwant der loerden guon op it drankje. Underweis kom der in grouwe houn oan, dy kom pake op side en treau him hyltyd nei 't wetter ta. Mei lijen kom pake thús. Mar it drankje wie hiel.
Doe ha se it kessen iepenmakke, dêr't heit op slepte.
Hja hienen in naeister. Dêr sieten krânsen yn dat kessen. Dy wienen fan fearren mar der sieten allerhande lapkes en triedden jern en plústers yn, dy't de naeister ûnder hannen hawn hie. Dy krânsen ha se forbrând.
Hwa hat him bitsjoend? hie pake oan Wopke frege. Doe hie Wopke sein: "Jo matte hjir mar op rekkenje, de neiste houn, dy byt jo it faekst."
Heit krige fan 'e drank dy't Wopke meijown hie.
Doe wie er bigoun to spuijen en doe hat er in ding útspuid, dat leefde, dat like op in slang.
Even dêrnei kom it âld minske by de doar, dêr't se de molke altyd fan krigen. Dy frege: "Hoe is 't mei 't jonkje?"
Mar se hienen har fuortjage.
Heit wie samar genesen.

Onderwerp

TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek    TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek   

Beschrijving

Vader gaat naar een duivelbanner als zoon ziek is geworden na het eten van een appel die hij kreeg van een oude vrouw. Duivelbanner geeft een drankje, met de raad er goed op te passen. Onderweg wordt de vader gehinderd door een grote hond. Heksenkrans in het kussen wordt verbrand. Na het innemen van het drankje braakt de jongen een soort slang uit. De oude vrouw die komt vragen hoe het met het kind gaat, wordt weggejaagd. Kind geneest.




Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1109, verhaal 2 (Archief Meertens Instituut)

Commentaar

Wopke is Wopke de Vries (1821-1893), Grutte Wopke

Naam Overig in Tekst

Klaes Talma    Klaes Talma   

Wopke    Wopke   

Wyldpaed    Wyldpaed   

Kûkherne    Kûkherne   

Klaes Talma    Klaes Talma   

Wopke    Wopke   

Naam Locatie in Tekst

Wyldpaed    Wyldpaed   

Kûkherne    Kûkherne   

Kuikhorne    Kuikhorne   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21