Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ111413

Een sage (mondeling), donderdag 20 juni 1974

Hoofdtekst

Wy hienen in famke, dat waerd bitsjoend. Hja is dea gong. It bern waerd siik en dat waerd minder en minder. Op in nacht waerd ik wekker en doe gûlde it bern sa. Ik sei: "Wolst by my lizze, leave?" Doe kaem se by ús to lizzen.
Hja hie noch mar even by ús lein, doe sei 'k tsjin myn man: "Nou mast dêr ris hearre, sa raer docht dy kat it." Doe stie der in kat bûtendoar foar 't hinnegat en dy makke sokke nuvere lûden, 't wie krekt, as wie er oan 't psalmsjongen.
Wy bleauwen op bêd en de kat is op 't lêst wer fuort gong. Mar dy kat, dat wie de tsjoenster.
't Wie Minne Ael, dy wenne by de Swâdde.
Wy wienen altyd fan doel noch ris nei Úlke duvelbander to gean foar 't famke, mar 't is der noait fan kaem. Hienen wy 't mar dien. It bern is deatsjoend.
Doe't it bern dea wie, lei se yn 'e keamer yn 't bêdsté. Doe seagen wy dat Minne Ael der oan kaem. Wy sieten achter yn 't keammerke.
"Hja mat net nei 't bêdsté ta", seinen wy. Doe gong myn soan gau nei de doar ta en sei: "Jo hoege net nei de keamer ta, mem en dy sitte achter." Hy woe har keare. Mar âlde Ael treau Jan oan kant en sy gong de keamer yn, lyk op it bêdsté ta. Doe seach se by 't bern yn 't bêd. En fuort dêrnei fleach se hurd wer nei hûs ta.

Onderwerp

TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek    TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek   

Beschrijving

Een ziek kind blijkt betoverd. Een verdachte kat houdt zich buiten op en maakt rare geluiden die op psalmgezang lijken. De kat - de heks - gaat er uiteindelijk weer vandoor. Als het kind uiteindelijk overlijdt, wordt het in de bedstee opgebaard. Als de ouders van het kind de heks zien naderen, probeert hun zoon te voorkomen dat de heks in de buurt van de bedstee komt. De heks duwt de zoon echter resoluut opzij en loopt rechtstreeks op het bed af. Kort daarop vliegt de heks snel weer naar huis toe.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1114, verhaal 13 (archief MI)

Commentaar

20 juni 1974
Heks maakt kind (mens) ziek

Naam Overig in Tekst

Minne Ael    Minne Ael   

Swâdde    Swâdde   

Jan    Jan   

Naam Locatie in Tekst

Úlke    Úlke   

Ael    Ael   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21