Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ111507

Een sage (mondeling), vrijdag 28 juni 1974

Hoofdtekst

Ik wie sahwat sechstjin jier en ik wenne by myn beppe. Dêr bin ik greatbrocht. Ik wie nochal hwat mounich en ik hie in nuvere gewoante: ik flokte yn dy tiid bot. Letter haw ik my dat ôfwend; ik docht it nou net mear.
Op in kear kom ik by myn kammeraetske wei. Ik wie dêr fiersto lang bleaun, dat wie net goed, dat wist ik wol. Beppe wie dêr ek min oer to sprekken, mar dêr steurde ik my doe net oan. Beppe wenne yn 'e Kule, en dat wie in moai eintsje rinnen. It wie al tsjuster en ik hie my by myn kammeraetske binachtsje litten. Ik wie eins mar hwat bang. Doe't ik in eintsje op stap wie kom der my in houn opside. In hiele grouwe, greate houn. In houn as in keal en roetswart. Ik hie fuort wol yn 'e gaten dat it net in echte houn wie. 't Wie hwat oars, 't wie fan 'e kweade. Ik wie sa bang, dat ik doarst der net nei to sjen. Mar ik hearde him hyltyd wol snoarkjen, flak njonken my. Op 't lêst wie 'k yn 'e Kule by beppe en dy. Ik krige de ring fan 'e doar beet, doe stie er noch njonken my. Ik koe op myn fuotten net mear stean, sa krap hie 'k it.

Onderwerp

SINSAG 0917 - Teufel (in Tiergestalt) erschreckt Sünder (Fluchende, Holzdiebe, Sonntagsschänder oder Spötter).    SINSAG 0917 - Teufel (in Tiergestalt) erschreckt Sünder (Fluchende, Holzdiebe, Sonntagsschänder oder Spötter).   

Beschrijving

Een vloekende deugniet wordt plotseling opgeschrikt door een zwarte hond zo groot als een kalf. Het dier blijft hem hinderlijk op de hielen zitten. De jongen wordt vreselijk bang omdat hij in de gaten krijgt dat het vreemde dier met de duivel te maken heeft.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1115, verhaal 7 (archief MI)

Commentaar

28 juni 1974
Teufel (in Tiergestalt) erschreckt Sünder (Fluchende, Holzdiebe, Sonntagsschänder oder Spötter).

Naam Locatie in Tekst

Kule    Kule   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21