Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ111912

Een mop (mondeling), woensdag 24 juli 1974

Hoofdtekst

Der wie in pastoar, dy preke op in moarn. Doe sei er: "Wie twee koeien heeft, moet er één meedelen."
Der siet dy moarns in froutsje yn 'e tsjerke, dy hie dy wurden heard. Hja waerd geweldich troch dy wurden oanrekke. Hja siet dêr sa fol fan, dat doe't se thús kaem wie 't earste dat se tsjin 't mantsje sei: "Man, hwat hat de pastoar fan 'e moarn moai preke."
"Hwer hat er 't dan oer hawn?" frege 't mantsje.
"De pastoar hat sein: Wie twee koeien heeft, moet er één meedelen."
Hja hienen twa kij, dat it wyfke woe dêr de pastoar ien fan ta ha. Mar dat like it mantsje net goed ta.
It wyfke hâldde oan, op 't lêst joech it mantsje ta.
It mantsje sei: "Dan jowe wy him de sleatsjebruijer, dy't altyd ta 't lân út giet."
Togearre komme se mei de kou by de pastoar en sizze der by dat it in sleatsjebruijer is.
De pastoar wie tige mei de kou ynnom en sei: "Hwat dat sleatsjebruijen oangiet, dêr wit ik wol in middel op."
Hy hie sels ien kou. "Wy dogge de beiden oan 'e keppel," sei er, "minen en de sleatsjebruijer." En dat gebeurde.
Mar hwat is 't gefal? De sleatsjebruijer giet dy nachts troch de sleat en nimt fansels de pastoar syn kou mei, hwant dêr sit er oan fêst. En sa giet er nei syn âld plakje ta by 't mantsje en 't wyfke.
De oare moarns komt it wyfke fan 't bêd ôf en ropt har mantsje. Hja seit: "Mantsje, mantsje, mast der gau út komme! Mast ris even sjen! Nou ha wy ús kou wer mei nòch in kou der by!"
De pastoar kaem dyselde deis om syn kij werom to heljen. Doe sei it wyfke: "Né, sa heart it net. Jo ha sein: Wie twee koeien heeft, moet er een meedelen. Wy hienen twa, nou ha wy trije en sa bliuwt it."
En de pastoar koe lipe of pipe, it wyfke joech gjin krimp.

Onderwerp

AT 1735 - "Who Gives his Own Goods shall Receive it Back Tenfold"    AT 1735 - "Who Gives his Own Goods shall Receive it Back Tenfold"   

ATU 1735 - “Who Gives his Own Goods Shall Receive it Back Tenfold.”    ATU 1735 - “Who Gives his Own Goods Shall Receive it Back Tenfold.”   

Beschrijving

Een pastoor preekt 'Wie twee koeien heeft, moet er één meedelen'. Een vrouw in de kerk is zo door deze woorden geroerd dat ze direct één van haar twee koeien aan de pastoor wil afstaan. Haar man vindt dit een minder goed idee maar stemt na veel aandringen van de vrouw toch toe. Besloten wordt een koe te geven die steeds wegloopt uit het land om door de sloot te waden. Het stel schenkt het dier aan de pastoor en de pastoor is erg blij met het cadeau. Als de pastoor van het stel verneemt dat de koe steeds wegloopt, komt hij met een oplossing: hij zal de gekregen koe aan zijn eigen koe vastbinden. De koe die eerst van het stel was zet het die nacht prompt op een lopen om weer bij zijn oude baasjes in de wei te gaan staan. De koe sleept in zijn vlucht vanzelfsprekend de koe van de pastoor mee. De volgende dag is de vrouw erg opgetogen omdat ze haar eigen koe terugheeft én een andere koe erbij. Als de pastoor zijn koe wil komen ophalen, verzet de vrouw zich. De pastoor heeft immers gezegd 'wie twee koeien heeft, moet er een meedelen'. Nu het stel drie koeien bezit, is dat niet meer aan de orde.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1119, verhaal 12 (archief MI)

Commentaar

24 juli 1974
"Who Gives his Own Goods shall Receive it Back Tenfold"

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21