Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ112005

Een mop (mondeling), vrijdag 26 juli 1974

Hoofdtekst

Der wie in man, dy gong noait fan hûs. Dy wie altyd allinne thús. Doe kom der op in kear in buorman by him en dy sei: "Dû mast ris in kear fan 'e stoel, dû mast ris in kear mei my. It giet dy krekt as in kou, dû krijst aenst ek noch stâlpoaten." Op it lêst rêdde hy it op. Hy biprate de man en dy gong mei.
Hja moesten oan 'e oare kant fan it doarp wêze. Dêr soe in byienkomst hâlden wurde.
Alle minsken dy't se foarbykamen koenen dy buorman. Se nikten him allegear ta en seinen: "Goeijen avond, Boersma."
DOe sei dy man dy't er meinaem hie: "Se kenne dy ek al den donder, likefolle hwa't wy foarbykomme."
Doe kaem der ek in man foarby, dy sei neat.
Doe sei de buorman: "Dat is eigenaerdich. Dy fint docht net in bek los. Kenstû him ek?"
"Jawol," sei de buorman, "astû jouns fuort gieste, dan komt dy man altyd by dyn wiif."

Beschrijving

Een man spoort zijn buurman die nooit zijn huis uitkomt aan eens met hem mee te gaan naar een bijeenkomst. Als ze op de plek van de bestemming aankomen, valt het de buurman op dat alle aanwezigen de man die hem uitgenodigd heeft kennen en groeten. Één man weigert echter te groeten. Als de man zich hierover verbaasd toont tegenover zijn buurman, zegt de buurman dat hij de man wel kent omdat hij altijd de vrouw van de man die hem uitgenodigd heeft bezoekt zodra die zijn hielen licht.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1120, verhaal 5 (archief MI)

Commentaar

26 juli 1974

Naam Overig in Tekst

Boersma    Boersma   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21