Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ112007

Een mop (mondeling), vrijdag 26 juli 1974

Hoofdtekst

Der wie in soldaet, dy seach altyd mar nei de groun, krekt as socht er hwat. Elk snipeltsje papier, as wie 't mar in sigrette-floeike, krige er op en dat biseach er. En dan sei er altyd mar: "Dat is 't net."
De oare soldaten tochten: "Dat doocht net mei him."
En hja fortelden de sergeant hoe nuver as er die.
Doe sei de sergeant: "Ik sil 't even trochjaen oan 't buro."
Doe moest dy soldaet op 't buro komme. Dêr stie de groot-majoor. Dy sei tsjin him: "Hwat is dat dochs mei dy datstû iderkear alle papierkes fan 'e groun oppakste en dan seiste:
- Dat is 't net - ?"
Doe sei dy soldaet: "Der stiet net op hwat der op stean mat."
Doe sei de majoar: "Hwat mat der dan op stean?" De soldaet sei: "Ja, dat wyt ik ek net."
"Nou," sei de majoar, "dû hearst der wol mear fan." En doe stelde er him yn forbining mei in psychiater. Doe't dy psychiater dy soldaet bihandele hie, sei dy, se moesten him mar ôfkeure, it waerd dochs neat mei him. Hja koenen sa neat mei him wurde. Doe moest de soldaet wer by de majoar komme. En doe joech dy him in briefke, dêr't op stie, dat er ôfkeurd wie.
Doe sei dy soldaet tsjin 'e majoar: "Ja, krekt, dat is nou it goeije briefke, dêr't ik om socht ha."


Beschrijving

Een soldaat heeft zijn blik altijd op de grond gericht. Hij pakt ieder snippertje papier op en zegt daarop 'dat is het niet'. Als de soldaat op het bureau op zijn vreemde gedrag wordt aangesproken, verklaart hij dat er op de papiertjes niet staat wat er op staan moet. Als de majoor hem vraagt wat er dan op het briefje moet staan, zegt de soldaat dit ook niet te weten. De soldaat wordt doorgestuurd naar een psychiater die hem vervolgens afkeurt. Als hij het briefje ontvangt waarop vermeld staat dat hij afgekeurd is, zegt de soldaat prompt 'Ja, dat is nou het goede briefje'.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1120, verhaal 7 (archief MI)

Commentaar

26 juli 1974

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21