Hoofdtekst
Der kaem in hiele dikke frou by de dokter, omdat se har net lekker fielde. De dokter ûndersocht har en doe sei er: "Ik heb een prettig bericht voor je, want je bent in de blijde verwachting." En doe sei hy der achteroan: "Wat zou ik graag de man van dichtbij willen bezien, die dat klaargespeeld heeft."
"Nou," seit de frou, "dat kin gebeure. Myn man sit yn 'e wachtkeamer. Dêr kinne jo him wol fine. Spoelstra is syn namme."
De dokter giet nei de wachtkeamer ta en freget: "Is hier ook een Spoelstra?"
"Ja", sei ien. Dat wie in hiel lyts mantsje, dy kom de dokter kwalik oan 'e middel ta.
Doe sei de dokter tsjin him: "Ik heb je vrouw onderzocht en nu blijkt het dat ze in verwachting is. Maar nu wou ik graag van jou weten, hoe je dat klaargespeeld hebt."
Doe sei dat mantsje: "Dat kin ik jo gau fortelle, dokter. De frou siet op it dressoir en ik siet yn 't laedtsje fan it dressoir en skoanmem skoude it laedtsje iderkear mar hinne en wer. En sadwaende ha wy it opret."

Beschrijving
Als een enorm dikke vrouw in verwachting blijkt, vraagt de dokter zich af hoe haar man dit klaargespeeld heeft. Als hij het haar echtgenoot - een uitermate klein kereltje - vraagt, zegt die dat zijn vrouw heeft plaatsgenomen bovenop het dressoir en hij in een la. De schoonmoeder heeft de la hierop heen en weer geschoven.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1120, verhaal 8 (archief MI)
Commentaar
26 juli 1974
Naam Overig in Tekst
Spoelstra   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21