Hoofdtekst
It wie yn 'e tiid fan 'e mobilisaesje. De treinen wienen allegearre aeifol. Der sieten in hiel soad militairen yn. De burgers, dy't der by ynkamen, dêr wie lang altyd gjin plak foar om to sitten.
Doe gebeurde it dat der in stik of hwat froulju ynkamen, dy't stean moesten.
Doe wie der ien soldaet by, dy sei tsjin ien fan dy froulju: "Kom hjir mar, fanke en gean by my op 'e skoat sitten." Dat die dat jufferke.
Doe't se dan in skoftsje by de soldaet op 'e knibbel sitten hie, sei se tsjin him: "Yn burger binne jo tink timmerman."
"Hoe komme jo dêrby?" frege de soldaet.
Doe sei se: "Omdat ik iderkear op 'e tûmstok sit."
Doe sei dy soldaet: "Dan binne jo seker skoaljuffer, hwant ik fiel iderkear de wiete spouns."

Beschrijving
Het is druk in de trein met soldaten en een groep vrouwen kan niet zitten. Een vrouw mag op de schoot van een soldaat zitten. De vrouw denkt dat de soldaat in het dagelijkse leven timmerman is, want ze voelt zijn duimstok. De soldaat denkt dat de vrouw schooljuf is, want hij voelt haar spons.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1120, verhaal 9 (archief MI)
Commentaar
26 juli 1974
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21