Hoofdtekst
Der wienen in man en in frou, dy hienen gjin bern. Mar se wienen tige gelokkich togearre. Op in kear gong dy man nei syn broer ta.
Doe't er de jouns thús kaem, frege syn frou: "Hoe wie 't mei dyn broer?"
"Bêst," sei er, "'k ha in pear douwen fan him kocht, hy hie sokke moaije douwen, ik koe 't net litte."
Doe sei de frou: "Ik wol hjir gjin douwen ha. Astû hjir douwen oanhellest, gean ik fuort."
De man tocht: "Ik wol dòchs douwen ha."
Hy sei tsjin har: "Ik gean de mar op to fiskjen."
Mar dat die er net. Hy krûpte fansiden achter de beamkes.
Syn frou kaem altyd op itselde plak oan 'e kant fan 'e mar as se him rôp om to iten.
Doe gong er hinne en hy sette in pear stokken yn 't wetter en sette syn learzens dêr omkeard op. Dat it wie noait liker as siet er dêr ûnder wetter.
Doe't de frou dat seach, sei se: "Leave, leave, dû kinst safolle douwen keapje ast wolste, as ik dy mar wer levend út it wetter seach."
Doe kaem de man achter de beamkes wei en hy sei: "Nou helje ik de douwen."

Beschrijving
Een kinderloos, maar gelukkig echtpaar maakt ruzie over een stel duiven die de man wil houden. De vrouw dreigt te vertrekken als de dieren komen. De verontwaardigde man besluit zijn vrouw voor de gek te houden. Hij zet een paar stokken in het water en zet zijn laarzen daar omgekeerd op. De vrouw - die dacht dat haar man uit vissen was - denkt dat haar man onder water is geraakt en bidt de Heer haar man levend uit het water te laten komen. 'Als hij levend boven komt, mag hij zoveel duiven houden als hij wil' voegt de wanhopige vrouw eraan toe. De man komt uit zijn schuilplaats achter een stel boompjes tevoorschijn en pint haar vast op haar belofte.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1121, verhaal 17 (archief MI)
Commentaar
30 juli 1974
Naam Overig in Tekst
Heer   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21