Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ112212

Een mop (mondeling), dinsdag 30 juli 1974

Hoofdtekst

Der wienen in boer en in jonge togearre op it lân oan 't ploegjen. De boer krige kâlde hannen. Doe sei er tsjin syn feintsje: "Jonge, helje, dû myn moffen even fan hûs."
De feint gong nei de pleats ta. Dêr wie de frou mei de faem.
"Frou," sei de feint, "de boer hat sein, ik moest jimme allebeide even to pakken ha."
De frou sei: "Dat is sa net. Dat hat de boer net sein."
"It is dòchs sa", sei de jonge.
"Dan de faem allinne miskien", sei de boerinne.
"Né," sei de jonge, "jimme allebeide hat er sein."
"'k Leau der neat fan", sei de boerinne.
"Nou," sei de jonge, "dan sil 'k de boer wolris freegje."
Doe rôp er, út 'e foardoar wei wit hoe lûd: "Ien of allebeide, boer?"
"Allebeide bliksem, ha 'k sein!" rôp de boer werom.
Doe't de frou dat hearde, moest se it wol leauwe en koe de feint syn gong gean.

Onderwerp

AT 1563 - "Both?"    AT 1563 - "Both?"   

ATU 1563 - “Both?”    ATU 1563 - “Both?”   

Beschrijving

Een boer beveelt zijn knecht zijn handschoenen te halen. Als de knecht in het huis de boerin en de meid aantreft, zegt hij dat de boer hem opgedragen heeft hen beiden flink te pakken te nemen. De boerin gelooft het niet en denkt dat de boer alleen de meid bedoelt. Als de knecht hierop 'Een of allebei?' naar de boer roept, zegt de boer verontwaardigd 'Allebei natuurlijk!'. Hierop kan de knecht zijn gang gaan.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1122, verhaal 12 (archief MI)

Motief

K1354.1 - ”Both?“    K1354.1 - ”Both?“   

Commentaar

30 juli 1974
"Both?"

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21