Hoofdtekst
Dy jonge neamden se altyd Wâtse Klop, mar hy hiet fan Wâtse Stienstra.
Op in kear wie dy jonge yn Hallum. Dêr haldde in âlde frou him oan en dat âld minske joech dy jonge in koekje. Hja sei, de jonge moest dat koekje allinne opite. Dat die dy jonge ek.
Mar doe't er dat koekje op hie, doe krige er kramp. Dat like fremd, de jonge die 't raer en jammere it út. Doe seinen se: "Dy jonge is bitsjoend. Jimme matte nei de duvelbander ta gean."
Dy wenne yn Ferwerd en de heit fan Wâtse gong dêr hinne. 't Wie doe noch in modderdyk.
De duvelbander sei tsjin 'e heit: "'t Is moai, datst komd biste, jong, oars wie de jonge dea gong. Ik sil dy hwat guod mei jaen foar de pasjint, mar ik mat dy warskôgje. Aenst, oan 'e oare kant Hallum, komt dy aenst in hiele greate houn tsjin. Pas dêr foar op! Dy houn rint dy achternei. Mar hjir hast twa stikken roggebrea. As er dan flak by dy is jowst him sa'n stik roggebrea. Dan bist him even kwyt, mar hy komt wer. Hwant it is him om it guod to dwaen datstû yn 't fleske haste. Tink derom: dat guod, dat ik dy meijow yn 't fleske mast yn 'e bûse ha en de hân dêr op hâlde, dat dy houn der net by komme kin. Hwant dy loert der op."
It kaem krekt sa út lyk as de duvelbander sei. De houn kaem by de heit, mar dy joech him gau in stik roggebrea, doe wie er even koest. Doe't er even letter wer kaem, krige er it twadde stik roggebrea, en doe hie de heit net wer lêst fan it beest. Doe gong dy houn werom. Doe't de duvelbander de heit it drankje oerjown hie, hie hy der by sein: "Dû jowst de jonge joun in leppeltsjefol fan dit guod. Mar ik warskôgje dy, ast dat dochste, mei dêr net ien by wêze, dyn eigen wiif net iens. Alle slotsgatten en kieren en iepeningen yn 't hûs matte tichtstoppe wurde.
Dat hat dy man doe allegearre dien en de jonge krige it guod yn. De duvelbander hie der by sein: "De jonge krijt wol krampen."
Der wienen allegearre minsken by de Stienstra's op it hiem, hwant se wisten yn Hijum allegear hwat dêr to rêdden wie. Doe't Wâtse fan it drankje hawn hie waerd der kloppe. Om 't hurdtsje waerd der kloppe, en as dat gebeurde, bigoun de jonge to razen. Mar hwa't der kloppe of hwat der kloppe, dat bleau in riedsel, hwant dêr wie net in minske dy't it die.
De jonge doarst net allinne op bêd lizze. Doe wie der op 't lêst in fremde man ûnder 'e minsken dy't op it hiem stienen, dy sei: "Ik sil wol by dy jonge op bêd." Doe't er by de jonge lei, sei er: "Nou, bliksem, klopje nou mar ta." Mar it klopjen hâldde oan.
Doe sei ien fan 'e omstanders tsjin 'e heit: "Dû mast nochris nei de duvelbander ta, hwant hjir mat foroaring komme."
De man sette wer op Ferwerd ta en doe sei de duvelbander tsjin him: "Astû aenst thús komste, silstû yn it kessen, dêr't de jonge op leit, in krâns fine. Dû mast dat kessen ûnder 'e holle fan dyn jonge wei krije en dan mast dy krâns der út helje en dy krâns mast forbarne, mei kessen en al. Mar dêr mei net ien by wêze. Dû mast it allinne dwaen, op in ôfgelegen plak. En as dat ien kear barnt, dan komt der in gelûd. En sadra dat gelûd der west hat, kinst wol nei hûs ta gean.
Dan is de jonge forlost. Dan raest er net mear. Mar, dan mast de jonge freegje, fan hwa't er dat koekje krige hat."
De heit hat it kessen fan 't bêd helle en dêr kaem in krâns út. Doe hat er op in stil plakje alles forbarnd en doe hearde er in skreau.
Doe is er nei de jonge ta gong en dy wie stil. Doe frege er de jonge: "Fan hwa hastû dat koekje krige?"
Doe sei dy jonge: "Dy âld frou wennet yn Hallum", en hy bitsjutte syn heit hwer't dat wie.
De duvelbander hie sein: "Dû mast der sels hinnegean, hwant dan mat dy âld frou hielendal tobarnd wêze, as sy de tsjoenster is. Dan kinstû der dy sels fan oertsjûgje. Hja mat dan allegearre brânplakken oan har ha."
De man is nei Hallum ta gien. Hy naem de jonge mei. Doe't se by 't âld minske kamen frege de man har of se de jonge wol koe.
"Jawol", sei se.
En doe frege de heit har of se de jonge ek in koekje jown hie.
"Ja", sei se. En doe sei se der achteroan tsjin 'e heit:
"Nou hastû nei de duvelbander to Ferwerd west. En trochdatstû dêr hinne west hast, bin ik alhiel tobarnd.
Sa hat ús mem my dizze stoarje forteld.
De jonge krige de bynamme Wâtse Klop. It gebeurde likernôch om 1900 hinne.
Onderwerp
SINSAG 0627 - Hexe durch Verbrennung eines magischen Mittels gequält
  
Beschrijving
Bron
Commentaar
Naam Overig in Tekst
Wâtse Klop   
Wâtse Stienstra   
Ferwerd   
Wâtse   
Stienstra's   
Naam Locatie in Tekst
Hijum   
Finkum   
Iestdyk   
Hallum   
