Hoofdtekst
't Wie yn 'e oarlochsjierren. Yn Ryptsjerk wenne in mantsje, dat siet yn 'e swarte handel, dy gong alle freden nei stêd ta. Op in freed wied er wer yn Ljouwert en doe trof er dêr twa maten, dy't ek swart handelen. Doe gongen se mei har trijen nei de kroech en kochten dêr in pear buorrels, dy't djûr bitelle waerden. It siet dêr och sa gesellich en sy forgeaten de tiid.
It waerd sa let, dat de beide maten fan 'e Ryptsjerkster koenen net mear thús komme mei de bus.
Doe sei dy fan Ryptsjerk tsjin har: "Kom mar mei my mei. Jimme kinne wol by my oernachtsje." Der ried nammentlik noch wòl in bus nei Ryptsjerk.
Doe gongen dy beide mannen mei.
Doe sei de frou tsjin har: "Woenen jimme hjir sliepe? Nou, dat sil wol gean, mar iten ha wy net genôch foar jim. Dat is tige krap."
De beide mannen krigen hwat surrogaet-thé en dêr in pear stikken oarlochsbôlle by en dêr moesten se it mei dwaen.
Hja kamen togearre op ien bêd to lizzen. Yn 'e nacht sei de iene: "Ik ha sa'n honger. Ik kin noait yn 'e sliep komme." Hy gong fan 't bêd ôf en slûpte troch 't hûs as der ek hwat to finen wie dat er opite koe. Doe die er in kostdoar iepen en doe lei dêr yn dy kast in grouwe pankoek. Hy tocht: "Dat is hwat foar my en myn maet."
Hy der mei nei 't bêd. Mar syn maet rûkte der ris oan en sei: "Dy mei ik net."
Mar de oare bigoun der fan to iten. De pankoek smakke o sa raer, mar as men honger hat sjocht men net sa krekt, dat hy iet de hiele grouwe pankoek op.
Doe't er him nei binnen slein hie, sei er: "O, o, hwat smakke dy raer. Ik leau," sei er, "ik kin wol koarje."
Mar it gong goed, hy koarre net en foel yn 'e sliep.
De oare moarns kommen se fan bêd ôf en doe wienen dêr ek trije bern. Dy hienen se de foarige jouns net sjoen; doe leinen se al op bêd.
Dy bern moesten nei skoalle ta. De iene, dat wie in jonge. Dy hie in seare holle, dy wie iepen en siet ûnder 'e steden.
Dy jonge krige moarns altyd op foarskrift fan in wûnderdokter in pankoek op 'e holle.
It minske soe de pankoek út 'e kast krije, doe wie dy der net.
"Hastû dy opiten?" sei se tsjin har man.
"Ik sil wol oppasse," sei dy, "in pankoek, dy't seis wiken âld is en dy't de jonge alle dagen op 'e seare holle hawn hat."
"Dan sil de houn him wol pakt ha", sei 't minske.
Mar de iene maet bigoun samar ynienen to kokhalzjen, doe't er dit hearde.

Beschrijving
Man krijgt op logeeradres 's nachts zo'n honger dat hij op zoek gaat naar eten. Hij vindt een pannekoek die hij ondanks de vreemd smaak toch opeet. De volgende ochtend blijkt dat pannekoek zes weken oud was en op voorschrift van een wonderdokter, bedoeld was voor het zwerende hoofd van één van de kinderen.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1127, verhaal 10 (Archief Meertens Instituut)
Commentaar
15 augustus 1974
Naam Overig in Tekst
Ryptsjerkster   
Rijperkerkster   
Naam Locatie in Tekst
Ryptsjerk   
Ljouwert   
Rijperkerk   
Leeuwarden   
Plaats van Handelen
Rijperkerk   
Kloekenummer in tekst
B058a   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21