Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ112815

Een sage (mondeling), 99-99-99 99-99-99 (foutieve datum)

Hoofdtekst

Yn Sumar wenne in boer, dy hie in fanke, dat wie bitsjoend. Doe gong dy boer foar dat gefal nei greate Wopke fan Kûkherne, de duvelbander. Doe sei Wopke tsjin him. Dyn fanke sit ûnder in kweade macht, in hiele sterke macht. Dêrom jow ik dy nou gjin drankje mei, hwant dêr komstû dochs net mei thús. Dû mast nei hûs tagean en hjir wer komme mei in glêzen wein mei twa sterke hynders der foar.
Dat hat dy boer dien en doe joech Wopke him it drankje mei. Mar hwat tichter se by hûs kamen, hwat swierder de hynders bigounen to lûken. 't Gong stadichoan stadiger. Op 't lêst wienen de beide hynders wiet fan 't swit. De poaten sakken troch, se leinen op 'e knibbels. It guod fan Wopke hienen se yn 'e wein.
It wie de tsjoenster dy't sa sterk wie en de hynders keare woe. Mei ien hynder hienen se 't noait opret.
Doe't se thúskamen ha se op Wopke syn rie, de fearrene kessens fan 't famke iepensnien. Dêr kaem in krâns út, dy't se opbrând ha.


Onderwerp

TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek    TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek   

Beschrijving

Een vader van een betoverd meisje raadpleegt Wopke de duivelbanner. Wopke voorspelt dat de vader zich niet te voet met een medicijn naar huis kan begeven, omdat iemand erin zal slagen hem het drankje afhandig te maken. Wopke beveelt de vader terug te komen met een glazen wagen met twee sterke paarden ervoor. De vader doet zoals Wopke hem bevolen heeft en gaat met het medicijn op de wagen op weg naar huis. Hoe dichter de vader zijn huis nadert, hoe zwaarder de last voor de paarden lijkt te worden. De heks zorgt ervoor dat de paarden bijna door hun benen zakken van vermoeidheid. Als de vader uiteindelijk toch zijn huis bereikt, snijdt hij het kussen van zijn dochter open. In het kussen prijkt een krans. De heksenkrans wordt opgebrand.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1128, verhaal 15 (archief MI)

Commentaar

onbekend
Heks maakt kind (mens) ziek

Naam Overig in Tekst

Wopke    Wopke   

Naam Locatie in Tekst

Sumar    Sumar   

Kûkherne    Kûkherne   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21