Hoofdtekst
Dêr wenne in smid yn Twizel.
Op in kear kaem de duvel by him. Doe sei dy smid tsjin 'e duvel: "Jo binne in machtich man. Jo kinne dwaen hwat jo wolle."
"Ja," sei de duvel, "dat is wier."
"Kinne jo jo sa great meitsje as in oaljefant?" frege de smid.
"Jawol", sei de duvel, en hy die it meiiens.
"Jonge, jonge," sei de smid, "dat hie 'k net tocht. Kinne jo jo ek sa lyts meitsje as in houtlús?"
"Jawol," sei de duvel, "sjoch mar." En hy foroare yn in houtlús.
"Kinne jo nou wol yn dit doaske krûpe?" frege de smid. En doe krige er in skuonpoetsdoaske.
"Jawol", sei de duvel en hy krûpte yn it doaske.
Doe die de smid gau it lid op it doaske en doe lei er it op it ambyld. Doe krige er de greate swiere foarhammer en doe sloech er it doaske mei de houtlús der yn yn spuonnen.
Doe wie de duvel dea en koed er gjin kwea mear dwaen.

Onderwerp
AT 0330 - The smith outwits the devil   
ATU 0330 - The Smith and the Devil   
Beschrijving
Een smid wordt eens bezocht door de duivel. De smid vindt de duivel bereid diens macht te tonen door zich achtereenvolgens in een olifant en in een houtluis te veranderen. De smid laat de duivel als houtluis in een schoenpoetsdoosje kruipen. Als de duivel in het doosje zit, doet de smid snel het dekseltje erop. Vervolgens slaat hij het doosje met een grote hamer stuk. De smid heeft de duivel onschadelijk gemaakt door hem te doden.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1128, verhaal 38 (archief MI)
Commentaar
onbekend
Der Schmied und der Teufel (Tod)
Naam Locatie in Tekst
Twizel   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21