Hoofdtekst
Evert Tsyske roun mei tsiis. De tsiissek hied er op 'e rêch. Hy wenne yn Sumarreheide.
Dêr wenne Hart Boonstra ek. Dy hie in dochter by him yn 'e hûs, dy wie by de man wei. Dy dochter wie fan dy man yn forwachting en krige in bern. Der wie gjin dokter by de bifalling en dat berntsje rekke dea.
Doe't it skimerjoun wie gong Hart mei dat deade berntsje nei de tún. Hy hie in skeppe by him, dêr't er in kûle mei groef.
Wylst kaem Evert Tsyske dêr krekt mei syn tsiispûde op it hiem. Hy forburch him gau achter de beamkes. Sa koed er alles sjen. Hoe't Hart it berntsje yn 'e kûle lei en der wer ierde boppe op die.
Hy seach hoe't Hart de earmen krúste en sei: "Nou, Heare, nou bifiel ik it berntsje oan jo oer."
Dat hat Evert allegear sjoen en heard. Hy hat it letter oan dizze en jinge forteld.
Letter spûke it op dat plak dêr't dat berntsje bigroeven is.

Onderwerp
SINSAG 0450 - Andere Tote spuken.   
Beschrijving
Een kaashandelaar ziet hoe een man een dood kindje begraaft met de woorden 'Heer, ik geef het kindje nu aan U over'. De dochter van de man heeft kort daarvoor een kind gebaard. Het kind is echter kort na de bevalling overleden. Later spookt het op de plaats waar het kindje begraven is.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1128, verhaal 39 (archief MI)
Commentaar
onbekend
Andere Tote spuken
Naam Overig in Tekst
Evert Tsyske   
Hart Boonstra   
Heare   
Heer   
Evert   
Naam Locatie in Tekst
Sumarreheide   
Hart   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21