Hoofdtekst
De potskippers fan Sumar dy skreauwen har van der Meer; dy wienen ôfgryslike sterk. Ien fan dy mannen dat wie Sjoerd van der Meer.
It gebeurde mei Burgumer merke. Hy siet yn 'e kroech en dêr siet ek in sekere Freark de Vries, dat wie in slachter, dy kaem fan 'e Folgeren. Dy slachter dat wie in grouwe keardel, dy woech wol 200 poun. Dy slachter woe dêr it spul yn disoarder bringe, hy socht rúzje mei de minsken.
Doe gong Sjoerd foar him stean en sei: "Ik bin tachtich jier, mar ik bin net bang foar dy."
"Jo binne tink ien fan 'e potskippers, hè?" sei Sjoerd, "dy binne sa sterk."
"Sterk bin 'k net," sei Sjoerd, "mar ik haw aerdich myn macht, en bang foar dy bin ik net."
Doe sei Freark: "Sa'n âld man wol 'k neat dwaen, mar oars soe 'k mei dy rêdde."
Freark hie in manchesteren jaske oan. Dêr pakte Sjoerd him fan foaren by beet. Hy draeide dat manchester yn syn hân om, dat de rêch knapte Freark út 'e jas. Doe sei Sjoerd: "Set de doar even iepen, dan sil ik him der útdonderje." Doe soed er him der útsmite. Freark hâldde him mei beide hannen oan 't kezyn beet. En doe rekke it hiele kezyn der út, tagelyk mei Freark, dy't 200 poun woech.

Onderwerp
TM 2801 - Sterke man (vrouw)   
Beschrijving
Een buitengewoon sterke oude man neemt het op tegen een slachter van tweehonderd pond. Als de man de slachter de kroeg uit wil gooien, houdt die zich vast aan het raamkozijn. Het hele kozijn raakt los.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1128, verhaal 43a (archief MI)
Commentaar
onbekend
Sterke man (vrouw)
Naam Overig in Tekst
van der Meer   
Sjoerd van der Meer   
Burgumer   
Freark de Vries   
Folgeren   
Sjoerd   
Freark   
Naam Locatie in Tekst
Sumar   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21