Hoofdtekst
Hjir hat froeger yn Broeksterwâlde in frou wenne, dat wie in tsjoenster. Dy hat forskeidene bern bitsjoend. It wie sa slim, as hja de ruften op 'e line seach, dan koe hja 't bern al bitsjoene.
Meastal gongen se nei Wopke fan Kûkherne, as der in bern bitsjoend wie. Wopke joech in drankje mei.
Hy joech de minsken de rie in krytstreek yn 'e foarm fan in krús yn 't matsje fan 'e doar to setten.
Dêr kaem de tsjoenster net oer. Dat koe net.
De bern hienen faek in krânse yn 't kessen.
Hjir hat ek in great frommes bitsjoend west. Dy hie ek in krânse yn 't kessen. 't Wie in krânse fan fearren en dêr sieten allegear triedden en lapkes yn bifrissele. 't Wie swart en nassaus jern, dat se brûkte foar hoazzen en sokken en ek jern foar ûnderbroeken. Dat hie dy bitsjoende frou sels allegear brûkt. Hoe kaem dat spul yn 'e krânse?
Hja ha dy krânse útelkoar skuord en forbrând.

Onderwerp
TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek   
Beschrijving
Een heks betovert graag kinderen. Wopke de duivelbanner verstrekt vaak medicijnen om de kinderen te genezen. Wopke raadt ouders aan een kruis van krijt op het deurmatje te tekenen. De heks kan immers niet over het kruis komen. Betoverde kinderen hebben vaak kransen in het kussen. Van een betoverde - volwassen - vrouw is bekend dat in haar kussen een verenkrans prijkte met allerlei draden en lapjes erdoor. De krans wordt uit elkaar gescheurd en verbrand.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1130, verhaal 4 (archief MI)
Commentaar
20 augustus 1974
Heks maakt kind (mens) ziek
Naam Overig in Tekst
Broeksterwâlde   
Wopke   
Naam Locatie in Tekst
Kûkherne   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21