Hoofdtekst
Even bûten 'e Falom, tichte by de Skilige Piip wennen twa húshâldings njonken elkoar. 't Wienen Doede Bodder en Simen Lintsjelûker. Doede Bodder wie in sunige man en woe foarútkomme yn 'e wrâld.
Simen Lintsjelûker wie in los man, dy't der mar sa'n bytsje op los leefde. Hy handele hwat, mar mijde de drankflesse der net by.
Op in kear wie der in útfoering. Dêr woe Simen hinne hwant dy miste noait op setsjes en pretsjes.
Hy gong nei Doede Bodder ta en sei: "Wolle jimme dêr ek mei hinne?"
Hwat mat it koste? fregen dy lju. Doe't se de birekkening fan 'e kosten mei de fortarring derby makke hienen, seinen se: "Nou né, wy geane mar net mei."
Ynpleats dêrfan leinen se krekt sa'n bidrach achterút en bearden doe dat se nei dy útfoering ta west hienen. Sije [Simen] Lintsjelûker gong der wòl hinne en doe krige er dêr mei de dronkene kont rúzje mei in man út Snits. Hja bigounen to fechtsjen togearre en dêrtroch rekke der in pipekream oer de wereld. De man fan 'e pipekream sei: "Dat kostet jimme sintsjes. Dan helje ik de plysje der by."
De beide mannen woenen de plysje der net by ha.
De man fan 'e pipekream sei: "Ik ha sa'n sawntich goune skea."
Simen Lintsjelûker wie handich. Syn buorman Doede hie in dikke baerch yn 't hok lizzen fan 300 poun. Hy sei tsjin 'e man fan 'e kream: "As wy hjir nou by jo komme en wy rolje jo dy dikke baerch yn 't skip - hoe is dat?" Doe sei dy man: "As jo hjir moarn foar fjouwer ûre binne mei dy baerch, dan meitsje wy der gjin drokte fan."
De Snitser sei tsjin Simen: "Hwat wolle jo dan?"
Simen sei: "Myn buorman hat sa'n grouwe baerch yn 't hok. Dy helje wy der even út en dy bringe wy dizze man yn 't skip, dan kostet it ús beiden gjin sint."
Zo gezegd, zo gedaan.
Hja gongen togearre nei buorman Doede syn hok en hellen dêr de baerch út. Dy baerch waerd nei Feanwâlden ta dreaun. Doe't se oan 'e Skilige Piip ta wienen, wie dêr it spoek mei de giele hakken. De baerch joech dêr neat om, dy gong fierder, mar de beide mannen weagen it net. Hja gongen in oare kant om en kamen sa yn Feanwâlden. De baerch kaem op tiid toplak by de pipekreamhâlder.
Maar hwat wie 't gefal? Doe't de baerch toplak wie, gong dy oare nei Snits. En Simen Lintsjelûker gong werom nei de Falom. Doe't er thús kom by syn frou, sei dy: "Och, och, hwat bistû let!"
"Och ja," sei er, "'t komt ûngelyk út."
"Nou," sei se, "wy ha juster sa'n gemiter hawn, hjirre.
Iderkear wie de baerch út it hok. Tafallich hie buorman syn baerch juster ôflevere, dat doe sei buorfrou:
'Bring him mar by ús yn 't hok.'"
Doe krige Simen yn 'e gaten dat er syn eigen baerch stellen hie.

Beschrijving
Een dronken man slaat aan het vechten met een andere man en gooit daarbij een marktkraam van een koopman om. De koopman dreigt de politie in te schakelen omdat hij zeventig gulden schade zou hebben. De dronkelap biedt de koopman een dik varken van driehonderd pond aan als schadevergoeding. De slimme man steelt vervolgens het dikke varken van zijn buurman om aan de koopman te geven. Als hij het dier naar de koopman brengt, stuit hij onderweg op het spook met de gele hakken en moet hij een omweg nemen. Thuis hoort hij van zijn vrouw dat ze hun eigen varken gisteren zolang in het hok van de buurman gestald heeft omdat het dier zo onrustig was. De man begrijpt nu dat hij zijn eigen varken gestolen heeft.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1131, verhaal 14 (archief MI)
Commentaar
22 augustus 1974
Naam Overig in Tekst
Falom   
Skilige Piip   
Doede Bodder   
Simen Lintsjelûker   
Sije Lintsjelûker   
Doede   
Snitser   
Naam Locatie in Tekst
Simen   
Snits   
Feanwâlden   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21