Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ113131

Een sage (mondeling), donderdag 22 augustus 1974

Hoofdtekst

Jehannes hat in caféke hawn to Feanwâldsterwâl op 'e Streek. Dêr liet er de soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme, en dan bigounen dy moai to marsjearen.
Op in kear kaem Jehannes by in muoike fan my, dat wie Anne van der Heide syn frou, Anne Ymkje, dy wenne oan 'e Veldmansreed (Rottereed, seinen se).
Jehannes kaem dêr mei in kroade mei tsiis, dy't er útsutele.
Doe't er dêr yn 'e hûs wie, sei er tsjin muoike: "Jou klok stiet."
"Ja," sei muoike, "dat liket net sa bêst, dy is, leau 'k, net mear to meitsjen."
"Sil ik der ris even nei sjen?" sei Jehannes.
Ja, dat woe 't minske wol graech.
Doe krige Jehannes de klok yn 'e hannen, en even letter, dêr roun er wer hinne.
Doe sei er tsjin Ymk-muoi: "Dy klok net rinne? Sil ik him ris spylje litte?"
Doe waerd Ymk-muoi lulk. Se sei: "Astû duvel, de klok spylje litst, dan slach ik dy de kop yn."
Doe gong Jehannes mar gau fuort.

Onderwerp

SINSAG 0693 - Zauberer lässt Soldaten (Zwerge) unter dem Kamin hervor kommen.    SINSAG 0693 - Zauberer lässt Soldaten (Zwerge) unter dem Kamin hervor kommen.   

Beschrijving

Een tovenaar laat soldaatjes uit de haardkuil tevoorschijn komen en exerceren. Soms zet hij ook de klok stil.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1131, verhaal 31 (archief MI)

Commentaar

22 augustus 1974
Zauberer lässt Soldaten (Zwerge) unter dem Kamin hervor kommen.

Naam Overig in Tekst

Jehannes    Jehannes   

Streek    Streek   

Anne van der Heide    Anne van der Heide   

Anne Ymkje    Anne Ymkje   

Veldmansreed    Veldmansreed   

Rottereed    Rottereed   

Ymk-muoi    Ymk-muoi   

Naam Locatie in Tekst

Feanwâldsterwâl    Feanwâldsterwâl   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21