Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ113215

Een sage (mondeling), vrijdag 23 augustus 1974

_ce55719b-e5e3-41ee-ba0d-b66f5b89e835.jpeg

Hoofdtekst

Dêr wie in boer, dêr wie Rixt faem. Dêr kaem wol gauris in plysje op 'e pleats, dy woe gedoente ha mei de frou. Mar de frou moest dêr neat fan ha.
Doe sei Rixt op in kear tsjin har: "As dy plysje nou wer komt en hy makket smoesjes tsjin jo, siz it dan mar. Dan rêd ik der wol mei."
Doe kaem dy plysje op in kear wer. Rixt gong der hinne, se pakte de plysje beet, tilde him op en gong der mei nei de onderdoar. Dêr smiet se him oer hinne. Sa fier, dat er yn 't farwetter tolânne kaem.
Doe makke dy plysje dêr in preses fan. Rixt moest foar de rjochter forskine. Mar dy naem it foar har op. Rixt krige gjin straf, mar de plysje krige in skrobbearring - Rixt wie sa sterk as in hynder.

Onderwerp

TM 2801 - Sterke man (vrouw)    TM 2801 - Sterke man (vrouw)   

Beschrijving

Sterke Hearkes dochter Rixt doet in kracht nauwelijks onder voor haar vader. Als Rixt eens als meid in dienst is bij een boer, komt ze de boerin te hulp als die wordt lastiggevallen door een politieagent. Ze grijpt de agent en gooit hem door de deuropening weg het water in. De politieagent spant een proces aan, maar de rechter neemt het voor Rixt op.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1132, verhaal 15 (archief MI)

Motief

F610.0.1 - Remarkably strong woman.    F610.0.1 - Remarkably strong woman.   

Naam Overig in Tekst

Rixt    Rixt   

Sterke Hearke    Sterke Hearke