Hoofdtekst
Der wie in doomny, dy hie in greate gemeente. Hy moest elke snein trije doarpen bipreekje, mar dan hâldde er altiten deselde preek. Op in moarn doe preke er earst yn it doarp dêr't er wenne. Hy preke oer de frou fan Petrus, dy't de koarts hie. De middeis moest de koetsier him nei it twadde plak bringe en dêr preke de doomny wer oer de frou fan Petrus. De koetsier hie deselde preek de moarns ek al heard. De jouns hearde dy koetsier yn it trêdde plak nochris wer dat de frou fan Petrus de koarts hie en op bêd lei.
De oare moarns moest dy koetsier de wein skjinmeitsje. Doe bigoun de klok to lieden.
Dêr kaem de doomny oan, en dy sei tsjin 'e koetsier: "Der is fêst ien dea, hwant de klok let. Eigenaerdich dat ik net wyt hwa't dat is, hwant it is hjir allegear fan myn gemeente. Dêr hienen se my dochs fan yn kennis stelle matten."
"Ik tink," sei de koetsier, "dat se tochten, dat doomny 't wol wiste. Hwant it sil de frou fan Petrus wol wêze, dy't dea is."

Onderwerp
VDK 1833B* - Petrus' schoonmoeder   
Beschrijving
Een drukbezette dominee is gewend elke zondag in drie dorpen te preken. De geestelijke houdt altijd in alledrie de dorpen dezelfde preek. Op een bepaalde zondag preekt de dominee tot drie keer toe over de vrouw van Petrus die met koorts in bed ligt. Een koetsier die de dominee iedere keer naar de plaats van bestemming vervoert, hoort ook drie keer hetzelfde verhaal en begint zich ernstige zorgen te maken over de vrouw van Petrus. Als de volgende morgen de klok luidt, vermoedt de dominee dat er een sterfgeval is. De koetsier denkt dat de vrouw van Petrus is overleden.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1136, verhaal 16 (archief MI)
Commentaar
2 september 1974
Petrus' schoonmoeder
Naam Overig in Tekst
Petrus   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21