Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ113617

Een mop (mondeling), maandag 02 september 1974

Hoofdtekst

Der wie in professor, dy koe 't waer foarspelle. Dêr hied er in stúdzje fan makke.
Faek gong hy der mei de koetsier op út. As se dan in ein riden hienen en ergens op it iepen fjild wienen bistudearre de professor de loft en dan koed er sizze hoe't it waer wurde soe.
Op in moarn liet er de koetsier ek wer komme.
De koetsier kaem by him. "Hokker wein wolle jo ha, in iepenen of in tichten?"
"In iepen wein", sei de professor.
Mar de loft wie sa min as strie. De koetsier sei:
"Ik naem leaver de tichte wein."
"Né," sei de professor, "in iepen wein."
Doe rieden se togearre in boerestreek del. Dêr stienen twa pleatsen njonken elkoar. De boerinne fan 'e iene pleats stie foar de doar en sei tsjin har buorfrou: "Jo meije 't linnenguod wol fan 'e line helje, hwant it wurdt allegearre wetter. Us ezel roste nyskes sa mei de kont tsjin 'e apelbeam oan. Dan krije wy altyd in protte wetter."
Doe sei de koetsier tsjin 'e professor: "Hearre jo dat wol?" De professor sei: "Hwat soe de ezel dêr nou fan wite?" Ik siz: "wy hâlde droech waer."
Even letter bigoun it to spielen.
De koetsier siet foar yn 'e wein en gniisde him slop.
Doe sei de professor: "Hwer laitsje jo om?"
"Wel," sei de koetsier, "Der sit mear forstân yn 'e kont fan 'e ezel as yn jou holle."

Beschrijving

Een professor beweert precies te kunnen voorspellen wat voor weer het wordt. Als het er op een dag naar uitziet dat het vreselijk weer wordt, beveelt de eigenwijze professor zijn koetsier toch in een open wagen te rijden. In een boerenstreek voorspelt een boerin dat het wel slecht weer zal worden omdat een ezel zijn billen aan een appelboom schuurt. Als er vlak daarop een enorme bui losbarst, zegt de koetsier 'er zit meer verstand in de billen van de ezel dan in jouw hoofd'.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1136, verhaal 17 (archief MI)

Commentaar

2 september 1974

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21