Hoofdtekst
't Wie yn 'e tiid fan 'e Dútse bisetting. Doe wie der in kastlein, dy hie in papegaei. En dy papegaei, dy sei altyd: "Hitler is dood." Der kamen altyd in protte Dútsers by dy kaféhâlder en dy hienen dêr aerdichheit oan. Dy stienen wit hoe faek by de papegaei en as dy dan sei: Hitler is dood - hienen se de greatste wille.
Mar de kastlein hie der in hekel oan. Hy woe de papegaei wol ruilje tsjin in oaren. De doomny hie ek in papegaei en doe frege er dy of se ek omruilje koenen. Nou, dat woe dy doomny wol. Dat doe krige dy papegaei fan 'e doomny in plakje yn 'e taep. De Dútse soldaten wisten net dat dat in oare papegaei wie. Doe't se him net sizzen hearden: Hitler is dood - kamen se by him en seinen 't him foar.
Hitler is dood - Hitler is dood, seinen se al mar.
Earst woe dy papegaei neat sizze, mar doe't der al ris wer ien rôp: Hitler is dood!, doe sei de papegaei ynienen tige plechtich: "Laat ons samen danken."

Onderwerp
VDK 0237D* - "Hitler is dood!"   
Beschrijving
Ten tijde van de Duitse bezetting roept een papegaai van een kastelein voortdurend ' Hitler is dood!'. De kastelein ergert zich aan het beest en ruilt zijn papegaai om voor de papegaai van de dominee. Duitse soldaten die vaak bij de kastelein in de kroeg komen zijn erg verbaasd dat het dier zijn bekende kreet niet uit en proberen de papegaai te stimuleren door hard 'Hitler is dood!' te roepen. De papegaai van de dominee zegt hierop prompt: 'Laat ons samen danken'.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1136, verhaal 29 (archief MI)
Commentaar
2 september 1974
"Hitler is dood!"
Naam Overig in Tekst
Duitse   
Hitler   
Dútsers   
Naam Locatie in Tekst
Dútse   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21