Hoofdtekst
Der wienen in doomny en in boer. Doomny kaem faek by de boer en de boer kaem faek by de doomny.
It wie in doomny mei in greate snor.
De doomny hie 't better foarinoar as de boer. De doomny hie in closet, en de boer net. Men hoefde by de doomny mar op in knopke to drukken of it wetter spielde alle smoargens wei en dan drukte men op in oar knopke, dan waerd jin automatysk de kont skjinmakke mei in boarstel.
De boer hie in âld hûske dêr't se de bihoeften yn dienen en oars neat. Mei in stikje âlde krante fagen se de kont ôf.
De boer tocht: dat mat oars. Sa kin ik de doomny hjir net ha. Doe ynformearde hy der nei hwat sa'n closet kostje moest.
Doe wie dat twatûzen goune. Né, sei de boer, dat mat oergean. Dat kin de brune net lûke.
Mar doe foun er hwat oars út.
Under 'e bril yn it húske stie in amer, dêr koenen se yn skite en dy koe dêr samar achterwei lutsen wurde. Doe druide de boer syn feintsje goed yn, hwat er dwaen moest, as doomny syn bihoeften dien hie op it hûske. Achter yn 't sket wie in gatsje makke. Dêr koe it feintsje troch sjen, dan wist er hoe fier doomny wie.
Doe't doomny dan ris wer op in kear by de boer op bisite wie en even nei 't hûske ta moest, stie it feintsje mei in amerfol wetter klear achter 't sket.
Doe't de doomny him ûntlêstige hie, smiet de jonge in ammerfol wetter oer it spul en doe fage er mei in kouweboarstel doomny de kont ôf. Doomny gong foaroer stean om to sjen hoe't dat eins allegear om en ta gong. Doe seach dy jonge de snor, mar hy tocht dat dat noch hwat smoargens wie, dat sittenbleaun wie, dat doe krige er de boarstel nochris en fage doomny troch de mûle.

Beschrijving
Een rijke dominee met een enorme snor en een arme boer bezoeken elkaar vaak. De dominee is in het bezit van een hele luxe wc: als de dominee op een knopje drukt, wordt alles netjes weggespoeld; als de dominee op een ander knopje drukt komt er een borstel tevoorschijn die zijn billen schoonpoetst. De boer wil niet onderdoen voor de dominee en laat zijn knecht met een emmer water en een borstel plaatsnemen achter de emmer die als wc dienstdoet. Als de dominee zijn behoefte gedaan heeft, spoelt de knecht de ontlasting weg door de emmer water om te keren. Daarna poetst de knecht de billen van de dominee met een borstel schoon. Als de dominee zich omdraait om eens goed te bekijken wat er gaande is, ziet de knecht de snor van de dominee aan voor achtergebleven vuil. Hij begint fanatiek het gezicht van de dominee schoon te borstelen.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1136, verhaal 28 (archief MI)
Commentaar
2 september 1974
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21