Hoofdtekst
It gebeurde yn Wolfheze ris in kear dat de koaningin dêr op bezoek kaem. Dat wie doe Wilhelmina noch. De pasjinten stienen yn twa rigen, dêr soe de koaningin tusken troch rinne.
Doe stapte der ien fan 'e pasjinten út 'e rige wei en dy sei: "Majesteit, ik wol graech even mei jo prate. Der mankeart my neat. Ik bin hielendal normael. Mar de famylje hat my hjirhinne loadst. Hwant ik sit mei yn it erfskip en sy wolle net ha dat ik mèi erf. En nou hoopje se dat ik hjir gau dea gean sil, dan krije hja m_n part." Doe sei er: "Ik wenje yn Amsterdam. Keizersgracht 111."
Doe sei de koaningin: "Ik sil der wurk fan meitsje."
Even letter sei de direkteur tsjin 'e koaningin: "Dat matte jo net dwaen, majesteit. Dy man is gek, ek al hat er wolris in helder ogenblik."
Mar dat woe hja net leauwe. "Hy praette sa forstânnich," sei se, "ik sil der wurk fan meitsje."
In skoftsje letter kamen se werom. Doe gong dy pasjint wer út 'e rige wei. Hy roun op 'e koaningin ta en joech har in traep, dat se twa kear oer de kop fleach en doe sei er: "Denk je er aan, Mien? Keizersgracht 111! Ik ben niet gek!"

Beschrijving
Koningin Wilhelmina wordt bij een bezoek aan een inrichting aangesproken door een patient die haar verteld dat zijn familie hoopt dat hij snel zal sterven. Zij kunnen dan zijn erfdeel krijgen. Hij zegt dat hij op Keizersgracht 111 woont. De koningin belooft er werk van te maken, hoewel de directeur dat ontraadt. Bij een volgend bezoek stapt de patient weer uit de rij en geeft haar een harde trap. Hij zegt dat ze er om moet denken, Keizersgracht 111 en dat hij niet gek is.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1137, verhaal 6 (Archief Meertens Instituut)
Commentaar
2 september 1974,
Naam Overig in Tekst
Wilhelmina   
Mien   
Majesteit   
Keizersgracht 111   
Naam Locatie in Tekst
Wolfheze   
Amsterdam   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21