Hoofdtekst
To Ermelo yn in gesticht fan gekken wie ien man, dy like aerdich knap to wêzen. De direkteur dy tochte: Dy man dy kin hast wol nei hûs ta. Ik mat mar ris in gesprek mei him hawwe. Dan fornim ik wol of it kin, ja of né.
Doe sei er tsjin dy man: "Jansen, kerel, wat zou je doen, als ik je nu vrij liet?"
"Mijnheer," sei Jansen, "dan snij ik een stokje af, een gaffel, daar bind ik een paar elastiekjes aan en dan ga ik schieten."
Doe tocht de direkteur: Dy man kin noch net nei hûs, it is mei him noch net yn oarder.
Mar nei forrin fan tiid woe er it ris wer bisiikje mei him. 't Wie in healjier letter en hy hie yn al dy tiid noait hwat oan him fornaem dat healwiis wie.
Hy rôp Jansen wer by him om him nochris to testen. Hy sei: "Zeg eens Jansen, wat zou je doen, als ik je nu vrij liet?"
"Mijnheer," sei Jansen, "dan koop ik een huis."
Moaisa, tocht de direkteur, dat liket der op.
"En verder?" frege er.
"Dan zoek ik een vrouw," sei Jansen, "en dan ga ik trouwen."
De direkteur tochte: Dit is foarinoar mei de man.
Hy skreau it allegear op op in list, dy't er ynfulde: Jansen gaat een huis kopen, een vrouw zoeken en werken voor zijn vrouw. Hij is weer volkomen normaal.
Mar doe sei Jansen: "Die vrouw van mij heeft een broekje aan."
De direkteur sei: "Ho-ho, Jansen, dat interesseert mij niet."
"Dat broekje trek ik haar uit, mijnheer", sei Jansen.
"Stil - stil, Jansen," sei de direkteur, "zulke dingen moet je niet zeggen, want dan houd ik je hier nog een jaar."
"Die broek, mijnheer," sei Jansen, "daar haal ik de elastiek uit en daar maak ik een katapult van."
Doe wist dy direkteur genôch.

Beschrijving
Directeur van een gesticht test een patiënt of die ontslagen kan worden. Hij meent dat de patiënt moet blijve, want de man zegt dat als hij vrij komt een stokje gaat zoeken, daar elastiekjes aan bindt en gaat schieten. Maanden later probeert de directeur het weer. De man zegt dat hij bij vrijkomen een huis gaat kopen, een vrouw gaat zoeken en trouwen. De directeur meent dat ontslag in zicht is, maar bedenkt zich als de patient zegt dat hij de vrouw haar broekje uittrekt, daar het elastiek uithaalt en daar een katapult van maakt.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1137, verhaal 7 (Archief Meertens Instituut)
Commentaar
2 september 1974,
Naam Overig in Tekst
Jansen   
Naam Locatie in Tekst
Ermelo   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21