Hoofdtekst
Alle Doede Scheffer fan Garyp gong saterdeis altyd nei de skearbaes ta. Doe wie dêr op in kear ek in jongkeardel mei in brommer. Doe't dy skeard wie, gong hy der út en soe de brommer oanslaen. Mar dy woe net.
Doe sei Doede: "Och heare, man, smyt gau wei dat ding. 't Is ommers gjin sint wurdich. Ik brûk minen al fjirtich jier en dy wegeret noait."
"Dan woe 'k dy wol ris sjen", sei de jonge.
Doe sei Doede: "Woest dy graech sjen?"
"Ja", sei de jongkeardel.
"Nou," sei Doede, "ik stean der foar, hear. Hy is altyd brûkber."
Doe rôp er oan syn wyfke. "Hiske, kom hjir ris even!" Dêr kaem Hiske al oan.
Doe sei er tsjin 'e jongkeardel: "Dêr kinst de motor sjen. Dat is minen."

Beschrijving
Een klant van een scheerbaas slaat een jongeman gade die zijn brommer niet aan de gang kijkt omdat de motor weigert. De klant beweert dat zijn motor nooit weigert en zelfs al veertig jaar meegaat. Als de jonge kerel dit niet wil geloven, laat de klant hem zijn motor – zijn vrouw – zien.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1138, verhaal 13 (archief MI)
Commentaar
3 september 1974
Naam Overig in Tekst
Hiske   
Alle Doede Scheffer   
Doede   
Naam Locatie in Tekst
Garyp   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21