Hoofdtekst
Der wie in dokter, dy hie in pappegaei. As de dokter en de frou fuort west hienen, fortelde de pappegaei altyd hwat der dy deis yn 'e hûs gebeurd wie.
Dat wie lestich foar de fammen, hwant dy hâldden fan lekker iten. Mar dat mochten de dokter en syn frou net heal wite.
Op in kear wienen de dokter en de frou der wer op út.
De iene faem sei: "Nou sille wy aenst hearlik iten foar ús togearre ré meitsje."
"Ja, mar," sei de oare, "dat forklikt dy pappegaei."
"Dêr wit ik wol ried op", sei de earste faem. En doe krige se in greate koperen earnamer en dy sette se oer de kouwe hinne. "Nou kin er neat sjen", sei se. En doe bigounen dy beide fammen to pankoekbakken. Hja ieten krekt sa lang oan't se sêd wienen.
De jouns kamen de dokter en syn frou wer thús.
De dokter gong nei de kouwe fan 'e papegaei ta en frege: "Hoe is 't hjir hjoed gien, Lorre?"
Doe sei de papegaei:
"Toen de hemel van koper was,
toen ging de pan van snoer - snoer - snoer."

Onderwerp
VDK 0237B* - Toen de hemel van koper was   
Beschrijving
Twee gulzige dienstmeisjes van een dokter zetten flink de bloemetjes buiten als de dokter van huis is: ze maken enorme maaltijden voor zichzelf klaar. Omdat de papegaai hun schranspartijen altijd aan de baas verklikt, besluiten ze het dier een koperen emmer over de kop te zetten. Daarna slaan de meisjes aan het pannenkoeken bakken en genieten ze ongegêneerd van grote hoeveelheden pannenkoeken. Als de dokter de vogel later vraagt of er nog nieuws is, antwoordt de papegaai 'toen de hemel van koper was, ging de pan van snoer – snoer – snoer'.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1138, verhaal 16 (archief MI)
Commentaar
3 september 1974
Toen de hemel van koper was
Naam Overig in Tekst
Lorre   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21