Hoofdtekst
Der wie in feint, dy kaem by in faem. Dy feint wie altyd forfelend. Hy gong altyd mei syn hannen by har ta de klean yn en dêr hie sy in hekel oan. Doe op in kear sei se tsjin har mem: "Dy feint is oars bêst, mar ik haw in hopen lêst mei him." En doe fortelde se dat er har noait fan 'e hûd ôfbliuwe koe. Doe sei it minske: "Dû kinst him moai to grazen ha. Dû mast in snoekekop yn dyn ding dwaen.
Jimme heit fangt wolris in snoek. As dat it gefal wer is, dan brûke wy dy kop."
Doe't dan har heit ris wer in snoek fangd hie, krige de dochter de kop en dy treau se der yn.
De feint kaem dy jouns. Hy bigoun wer mei syn hannen oan har om to skuorren.
Doe sei se tsjin him: "Nou, foaruit, dan sille wy dat mar ris in kear ha."
Dat liet dy feint him gjin twa kear sizze. Hy tocht dit is klear en hy raemde fuortdaliks ta.
Mar doe siet er mei de kul yn 'e snoekekop.
Dat foldie him net, dat doe wie er fuort genezen.

Onderwerp
VDK 1686A* - Penis gevangen met snoekebek   
ATU 1686A* - The Pike’s Mouth.   
Beschrijving
Een meisje besluit haar vriend die steeds aandringt op seksueel contact een lesje te leren. Op aanraden van haar moeder stopt ze een snoekenkop in haar vagina. Als de jongen op de snoekenkop stuit, is hij gelijk genezen.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1138, verhaal 18 (archief MI)
Commentaar
3 september 1974
Penis gevangen met snoekebek
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21