Hoofdtekst
Hoe't it komt dat in aap in keale kont hat en fierder rûch is en in frou krekt oarsom.
Adam en Eva dy wennen yn it paradys. Hja wienen altyd neaken. Mar op in kear wie Eva sa kâld, dat sy sei tsjin Adam: "Wolstû even houtsjes kappe? Dan sil ik dêr de kachel mei oansette."
Eva stie to wachtsjen wylst Adam kapte. Guon fan dy houtsjes sprongen fuort ûnder 't kappen. Doe sprong der Eva krekt sa'n splinter yn 't krús en doe wie 't allegear bloed.
Der stie in aep njonken Eva, hwant it wienen doe allegear noch dieren yn 't paradys om de minsken hinne. Doe't Adam al dat bloed seach, tocht er: "Donders, dat komt sa net goed, hja blet sa bot."
Doe pakte er de aep by de kont en skuorde dêr in stik fel ôf. En dat plakte er Eva yn 't krús op 'e wonde. Dêrtroch hat de aep noch altyd in keale kont en binne de froulju rûch yn 't krús.

Beschrijving
Hoe het komt dat de aap kale billen heeft en verder behaard is en het met de vrouw precies andersom is gesteld: Toen Adam en Eva nog naakt in het paradijs vertoefden, wilde Eva eens de kachel aanmaken met houtjes. Toen Eva daarbij een houtsplinter in haar kruis kreeg, begon ze tussen haar benen hevig te bloeden. Adam trok hierop vlug de haren van de billen van een aap af om het bloeden te stelpen. De aap is vervolgens kaal gebleven; de vrouw heeft de beharing op die plaats behouden.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1144, verhaal 4 (archief MI)
Commentaar
16 september 1974
Naam Overig in Tekst
Adam   
Eva   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21