Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ114421

Een mop (mondeling), maandag 16 september 1974

Hoofdtekst

Lytse Anne fan Smel-Ie wie 82 cm. lang. Hy wie gek op froulju, mar hy koe noait in faem krije, omdat er sa lyts wie.
't Wie yn 'e winter en it frear. Anne forlangde tige nei in faem. Doe't it skimerjoun wie, gong hy de dyk út.
Hy gong yn 'e berm stean to gûlen. Doe kamen der twa froulju oan fytsen. Dy hearden him dêr gûlen. Hja tochten dat it in lyts jonkje wie fan in jier of fjouwer, fiif. Hja stapten fan 'e fyts en de iene sei: "Hwat is der oan, leave?"
"Ik mat sa noadich pisje", sei Anne. "Ik ha sokke kâlde hannen, ik kin noait de gulp loskrije. En as ik wiet thúskom, slacht ús mem my ûngelokkich."
"Sille wy him helpe, leave?" sei de iene.
"Ja," sei Anne, "wol graech."
Hja makke him de gulp los en helle de lytse man der út.
Mar doe like it har net goed ta.
"Hoe âld is hy?" frege se."
"Noch mar 36 jier", sei Anne.
Doe gongen dy beide froulju gau op 'e fyts en makken dat se fuortkamen.

Beschrijving

Een lilliputter die gek is op vrouwen kan nooit een vrouw aan de haak slaan gezien zijn lengte. Op een keer stelt de dwerg zich huilend in de berm op om de aandacht van vrouwen te trekken. Als twee vrouwen op fietsen hem zien huilen, stappen ze af omdat ze hem aanzien voor een klein kleutertje. Als ze het 'kleutertje' vragen wat eraan scheelt, maakt de lilliputter hen wijs dat hij wil plassen maar zijn rits niet open kan krijgen. Als hij in zijn broek plast, zal zijn moeder vreselijk kwaad worden, aldus het ventje. Als een van de vrouwen zijn broek losmaakt en zijn penis eruit haalt, begint ze te vermoeden dat er iets niet in de haak is. Als het 'kleutertje' vervolgens op de vraag naar zijn leeftijd '36' antwoordt, spoeden de vrouwen zich weg.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1144, verhaal 21 (archief MI)

Commentaar

16 september 1974

Naam Overig in Tekst

Anne    Anne   

Smel-Ie    Smel-Ie   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21