Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ114501

Een sprookje (mondeling), maandag 16 september 1974

Hoofdtekst

Der wie in hazze, dy sei tsjin 'e slak: "Hwat bistû stadich, dû avensearst neat."
De slak sei: "Ik wol noch wol tsjin dy rinne."
Dat naem de hazze fuort oan. It gong der om hwa't it earst op 'e oare ein wêze soe.
"Ik wol earst nei hûs ta om iten," sei de slak, "dan kin 'k hwat hurder rinne."
Doe sei dy slak tsjin syn wyfke: "Dû giest op 'e oare ein yn 'e groppe sitten, ik op dizze ein. En as de hazze der dan oankomt, dan seiste: Ik bin der al."
Doe gong de slak wer nei de hazze ta. Hja soenen elk oan in kant fan 'e groppe rinne. De hazze sette út ein, mar de slak bleau deastil sitten dêr't er siet. Doe't de hazze oan 'e ein ta wie, rôp de wyfke-slak him tomjitte: "Ik bin der al!"
Doe sei de hazze: "Dan nochris!" En doe gong 't werom, elk oan in kant fan 'e groppe lâns.
Doe wie 't it slakkemantsje dat de hazze tarôp: "Ik bin der al!"
"Fuort werom", sei de hazze.
En dat gong sa kear op kear hinne en wer, krekt sa lang oant de hazze fan al dat rinnen der dea by del foel.

Onderwerp

AT 0275A* - Race between Hedgehog and Hare    AT 0275A* - Race between Hedgehog and Hare   

ATU 0275C - The Race between Hare and Hedgehog.    ATU 0275C - The Race between Hare and Hedgehog.   

Beschrijving

Slak en haas kijken wie het hardst van de ene naar de andere kant kan lopen. Slak laat zijn vrouw aan de ene kant zitten, en zit zelf aan de andere kant. De haas loopt zo lang heen weer tot hij er dood bij neervalt.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1145, verhaal 1 (Archief Meertens Instituut)

Commentaar

16 september 1974
Race between Hedgehog and Hare

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21