Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ114433

Een mop (mondeling), maandag 16 september 1974

Hoofdtekst

Twa mannen hienen op in fuif west. Se wienen allebeide kacheldronken. Hja soenen rinnende nei hûs ta. De iene waerd mislik. Hy gong by in boereplaets oer 't hek hinne stean om to koarjen. 't Wie net alhiel tsjuster. Wylst er spuide kaem de houn fan 'e boer der oan en dy slikke it op.
Hy waerd de houn gewaer. Doe sei er tsjin syn maet: "Kom hjir ris even. Ik ha in protte drank hawn en twa woarstjes en ien sâlte hearring. Mar as ik fannacht in houn opfretten ha, dat wit ik net. Mar in houn ha 'k leau 'k èk noch hawn. Ik mat my al raer forsjoen ha dat ik dy der net by útkoarre ha."
Doe sei de oare: "Mei sa'n idioat wol ik net wêze." Dat hy gong fuort. Doe botste er mei de holle tsjin in tillefoanpeal oan dat hy sûze der oer en foel del. Hy wist even fan 'e wereld neat mear. Doe soe de oare him achternei. Dy stoattele ek nei de peal ta, hwant hy moest pisje. Doe miichde er de oare op 'e kop. De oare lei op 'e groun en kaem wer by trochdat er wiet waerd. Dy sei: "Sjouke, sille wy ek nei hûs aenst, as de bui oer is?" Doe't de 'bui' dan oer wie setten se togearre ôf.
Doe wienen se in eintsje fuort, doe bigoun it to daegjen. En doe kaem der hwat op - de moanne of de sinne.
Doe sei de iene: "Dat is de sinne."
De oare sei: "It is de moanne."
Doe krigen se de hevichste rúzje.
Doe kaem dêr in boerearbeider oanfytsen. Dy hâldden se oan. En doe seinen se: "Stap even ôf. Is dat nou de sinne of is dat de moanne?"
"Dat wyt ik èk net," sei de boerearbeider, "ik wenje hjir noch mar trije maend. Ik bin hjir fremd."
De beide mannen wennen hûndert meter fan inoar ôf. Doe wienen se oan 'e iene syn hûs ta.
Doe sei dyselde tsjin 'e oare: "Dû bist sa dronken, ik sil dy even nei hûs ta bringe."
Doe't se by de oare syn hûs wienen, sei de iene wer: "Ik sil dy even thús bringe, hwant dû komst allinne noait thús." En sa gong dat hyltyd mar hinne en wer. Dan wienen se by de iene syn hûs, dan wer by de oare sines.
Doe kaem dyselde boerearbeider har wer tsjin. 't Wie iterstiid. Hy soe nei hûs ta to iten.
Doe rounen dy beiden noch hyltyd hinne en wer fan it iene hûs nei it oare.
Doe sei de arbeider: "Matte jimme net nei hûs ta?"
"Ja, mar hoe matte wy dat ha", sei de iene. "Hy is sa smoar, dat ik mat him nei hûs ta bringe."
De oare sei: "Ik mat hìm nei hûs ta bringe."
Doe hat dy arbeider earst de iene nei hûs ta brocht en doe de oare.

Onderwerp

AT 1334 - The Local Moon    AT 1334 - The Local Moon   

ATU 1334 - The Local Moon.    ATU 1334 - The Local Moon.   

Beschrijving

Twee mannen die naar een feest zijn geweest zijn zo vreselijk dronken dat ze allerlei rare dingen doen. Als eentje moet kotsen, komt een hond het opeten, en denkt de dronkaard dat hij de hond heeft uitgekotst. Als er eentje plast, denkt de ander dat het gaat regenen. Ze vragen een knecht of ze de zon of de maan zien, maar de knecht weet het niet: hij komt niet uit deze buurt. Tenslotte gaan de dronken mannen elkaar steeds naar huis brengen.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1144, verhaal 33 (archief MI)

Commentaar

16 september 1974
The Local Moon

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21